Springe nei ynhâld

Forsterstirns

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Forsters stirns)
Forsterstirns

Forsterstirns yn 'e brieddracht.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwytstirnzen (Sterna)
soarte
Sterna forsteri
Nuttall, 1834
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     stânfûgel
     wintergast


De forsterstirns of Forsters stins (Sterna forsteri) is in Noardamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).

Winterkleed.

De Forsterstirns is in lytse stirns fan 33-36 sm mei in spanwiidte fan 64-70 sm. De soarte weaget trochstrings 160 gram. Hy liket in soad op 'e gewoane wytstirns, mar is wat grutter en steviger, hat in gruttere kop, in sterkere snaffel, langere poaten en langere sturtfearren. Hy hat in swarte mûtse, oranjereade poaten, ljochtgrize boppedielen (útsein by jonge fûgels) en is ûnder wyt. Folwoeksen fûgels yn it briedkleed binne oer it generaal tige ljocht. De snaffel is oranjeread mei in swarte punt.

De folwoeksen fûgels yn it winterkleed ha in folslein swarte snaffel en in ûnderskiedend swart eachmasker, mei in wite foarholle en kroan. De haadslachpinnen binne ljochter griis as yn it briedkleed.

Jonge fûgel.

Jonge jongen hawwe kanielbrune en ljochtgrize markearrings op 'e rêch en wjukken en tsjin augustus hawwe de measten in wytich griis fearrekleed, lykas it winterkleed fan 'e folwoeksen fûgels. Se kinne lykwols ûnderskieden wurde troch de koartere sturt en it feit dat de tertials donkere sintra hawwe.

Forsterstirnzen binne meast trekfûgels, dy't benammen yn it binnenlân fan Kanada en de Feriene Steaten briede. Se wurde ek it hiele jier troch yn 'e Golf fan Meksiko yn it suden fan 'e Feriene Steaten en noardlik Meksiko oantroffen. Der binne fierder noch oare lokaasjes oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fan 'e Feriene Steaten en Meksiko en de súdlike Atlantyske kust fan 'e Feriene Steaten dêr't de soarte it hiele jier troch libbet.

Winterdeis migrearje de fûgels nei de Atalantyske en Pasifyske kusten fan 'e Feriene Steaten en ek nei de Kariben, Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika. Alle jierren wurde der winterdeis ek dwaalgasten yn West-Europa waarnommen, fral Ierlân en it Feriene Keninkryk op plaken dy't folle noardliker lizze as alle oare stirnzen.

Forsterstirns yn Lyndhurst, New Jersey.

De Forsterstirns wurdt oantroffen yn rêstich wetter yn wiete gebieten, baaien en kusten, mar selden op see. Hy briedt yn koloanjes, meastentiids yn sompen. Underdiel fan 'e hôfmakkerij is it oanbieden fan fiskjes troch it mantsje oan it wyfke. Se binne monogaam. It nêst is in driuwend platfoarmeftich nêst fan fegetaasje. Somtiden wurde ek nêsten boud op 'e nêsten fan muskusrotten. Ek briedt de fûgel yn ûndjippe kûltsjes op dridzige kusten, minder faak op sân- of rotsige kusten. In lechsel bestiet trochstrings út trije aaien, mar der binne lechsels fan fiif aaien raportearre. It wyfke en it mantsje briede tegearre de aaien yn 23-24 dagen út.

Lykas oare wytstirnzen ferdigenet de fûgel syn nêst en jongen tige fûl. Somtiden hat er nêsten mei gielkoptrûpialen (Xanthocephalus xanthocephalus) en tegearre falle se rôfdieren oan.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat oantallen fan 'e populaasje tanimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018). De wrâldpopulaasje wurdt op 120.000 yndividuen rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: