Forge of Heaven
Forge of Heaven | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2004, New York | |
oarspr. útjwr. | Eos | |
rige | ||
rige | The Gene Wars | |
● foarich diel | Hammerfall | |
kodearring | ||
ISBN | 0 38 09 79 039 |
Forge of Heaven is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Smidterij fan 'e Himel" of "Smidterij yn 'e Himel". It boek is in ferfolch op 'e roman Hammerfall (2001), dêr't it de duology The Gene Wars mei foarmet. Forge of Heaven waard yn 2004 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij HarperCollins Publishers fia de ymprint Eos.
It ferhaal folget de foarfallen op en boppe de yn karantêne ferkearende planeet dy't no Maraks Wrâld neamd wurdt. Iuwen nei't de driging fan ûnbehearskbere nanotechnology de Gene-oarloggen feroarsake, jout de ûnstjerlike Marak Trin Tain dêre lieding oan it wer ta libben bringen fan 'e wrâld. Yn in geosyngroane baan om Maraks Wrâld hinne rûntsjedraait it romtestasjon Concord, dat in miljoen bewenners hat. Dêrwei hâlde de Ierdske gûverneur, de koloniale autoriteiten en de bûtenierdske ondat yn in prekêr trijesidich lykwicht tafersjoch op it dwaan en litten fan Marak en de oare ûnstjerliken op it planeetoerflak. De ûnferwachtse oankomst fan in Ierdsk romteskip bringt Concord yn rep en roer oant minsklike yntriizjes sawol it wûnder fan Maraks Wrâld bedriigje as de ûnbegryplike en ûnmeilydsume ondat oansette ta yngripen.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It troch de minskheid behearske part fan 'e romte is foarstelber as in bolfoarmich gebiet, besteande út trije ôfsûnderlike dielen. It earste diel wurdt foarm troch de Ierde, dy't net sintraal yn 'e bol sitewearre is, mar ynstee deunby de fierste kant. It twadde diel binne de Binnenwrâlden, de ierste troch de minsken kolonisearre planeten. En it trêde diel is de saneamde Bûtenkant, dêr't de letter kolonisearre planeten ta hearre en fral ek in grut tal reuseftige romtestasjons dy't om ûnbewenbere planeten hinne rûntsjedraaie. De minsklike bol yn 'e romte oerlapet oan 'e neiste kant, by Maraks Wrâld en it romtestasjon Concord, krekt eefkes in oare bol, dy't it part fan 'e romte omfiemet dat behearske wurdt troch de bûtenierdske ondat.
Binnen de minsklike bol yn 'e romte foarmje de Binnenwrâlden in lytsere bol en it Sinnestelsel mei de Ierde sels in trêde bol (as wiene it yninoar passende matrûsjkapopkes). De Ierde wol út noch yn net witte fan biotechnologysk ompielen mei it minsklik genoom, en eltse foarm fan genetyske manipulaasje is der strang ferbean. Om foar te kommen dat oerdraachbere keunstmjittige genetyske mutaasjes de Ierde berikke, mei nimmen fan bûten it Sinnestelsel dêr foet sette op in planeet, moanne of romtestasjon. De Binnenwrâlden, dy't as in soartemint buffer foar de Ierde funksjonearje, ûnderhâlde in soartgelikens belied en litte nimmen út 'e Bûtenkant ta. De Bûtenkant is lykwols folle frijer; dêr is it hiel normaal om beskate genetyske modifikaasjes, saneamde mods te nimmen, dy't bgl. de sintugen skerper meitsje en telekommunikaasje ynternalisearje.
Tûzenen jierren lyn ûntstie der yn 'e Bûtenkant in anty-Ierdske splintergroep dy't himsels "de Beweging" neamde en him ôfsette tsjin 'e Ierde troch it gebrûk fan genetyske manipulaasje folslein frij te jaan. Troch it ferienjen fan nanotechnology (mikroskopyske apparaatsjes) mei biotechnology waarden lânbougewaaksen, fee en sels minsken genetysk oanpast om oerlibje te kinnen op planeten dêr't soks oars net mooglik wêze soe. Minsken waarden dêrtroch op oererfbere manearen feroare, ta ôfgriis fan 'e Ierde. It resultaat wie de oanhâldende karantêne, wêryn't de Ierde en de Binnenwrâlden de Bûtenkant pleatsten (of, fan 'e oare kant ôf besjoen, harrensels). In oar resultaat wie dat de oergrutte mearderheid fan 'e Bûtenkanters, dy't neat mei de Beweging út te stean hie, troch de Ierde yn 'e steek litten waard. Fan gefolgen organisearre de Bûtenkant in eigen feriene regear dat residearre op it romtestasjon Apex.
Meitiid ûntstie der in ûnnoflike alliânsje fan 'e Ierde mei it regear op Apex om 'e Beweging te bestriden. It skeel tusken de beide partijen bleau ûnfermindere bestean, mar it wie dúdlik dat de Beweging tsjinkeard wurde moast foar't der troch de ûnbeheinde genetyske manipulaasje in ramp ûntstie dy't de hiele minskheid treffe soe. In rige militêre súksessen fan 'e Ierde en de Bûtenkant dreau de Beweging nei de râne fan it troch de minsken behearske diel fan 'e romte ta. Dêr liet de Beweging syn nanismen los op in ûnbewenne planeet yn tarieding foar it opsetten fan in basis dêre. Mar de bûtenierdske ondat, dy't yn dyselde snuorje harren ynfloedssfear yn 'e romte oan it útwreidzjen wiene, lânen op dy planeet en rekke sûnder erch besmet mei de nanismen, dy't se dêrnei mei weromnamen nei harren thúswrâld. Dêrmei lieten se by fersin in ramp op harren eigen soarte los, dy't jammerdearlike gefolgen hie foar harren maatskippij en kultuer.
De ondat beskôgen dat as in oanfal en begûnen in oarloch tsjin 'e minskheid, mei't se gjin ferskil seagen tusken Beweging, Bûtenkant en Ierde. De Ierde en de Bûtenkant krigen pas letter foar it ferstân wat der krekt bard wie, mar se beseften daliks al dat de Beweging op 'e iene of oare manear de oarloch feroarsake hie. Dêrom diene se fan it begjin ôf oan war om dúdlik te meitsjen dat se neat mei de Beweging út te stean hiene. Doe't oarlochsskippen fan 'e Ierde en de Bûtenkant har by de oanfallen fan 'e ondat op 'e Beweging joegen, akseptearren de ondat alteast dat net alle minsken harren fijannen wiene. Nei de úteinlike nederlaach fan 'e Beweging en de selsmoard fan 'e lêste lieders loeken de ondat har werom nei har eigen grins, dêr't se tenei minsklike romteskippen beskeaten sadree't se dy seagen, mar se net efterfolgen as se útnaaiden.
Underwilens hie de Bûtenkant, troch wat der nedich wie foar de oarloch, syn selsbestjoer ferlern. De Ierde hie nammentlik de kontrôle oer Bûtenkanter romtestasjons oernommen en der in koloniaal rezjym fêstige mei gûverneurs dy't ôfkomstich wiene fan en trou wiene oan de Ierde. (Dyselden wiene lykwols libbenslange ballingen, mei't se nea wer nei de Ierde weromkeare koene.) Dat ferrie, sa't it troch de Bûtenkant sjoen waard, sette in protte kwea bloed tsjin 'e Ierde. De absolute fysike isolaasje dy't Ierde tsjin 'e Bûtenkant ynsteld hie, betsjutte lykwols dat de Bûtenkanters foar it meastepart dwaan koene wat se woene en har eigen ynterne regear beholden, dat njonken it offisjele Ierdske bestjoer funksjonearre. De Bûtenkanter wittenskip sette nei de nederlaach fan 'e Beweging útein mei it "genêzen" fan 'e skea dy't troch de Beweging oan ferskate kolonisearre planeten tabrocht wie. Dat ferhelpen waard dien troch it gebrûk fan mear nanotechnology, dy't diskear ûnder strang tafersjoch en strikte beheinings tapast waard.
Sawol de Ierde as de Bûtenkant hiene bliuwend baat by in foarm fan gearwurking, want hoewol't de Ierde in sterke romtemacht hie dy't de ondat yn it gefal fan in nije oarloch tsjinkeare koe, bestie op 'e Ierde troch de eigen ôfwizing fan eltse foarm fan genetyske manipulaasje gjin kennis mear oer dat soarte saken. Dat betsjutte dat foar it tsjingean fan in biotechnologyske oanfal fan 'e kant fan 'e ondat fertroud wurde moatte soe op 'e Bûtenkanter wittenskip. Foar de Bûtenkant wie de sitewaasje presys oarsom: dêr bestie wol de kennis om in biotechnologyske oanfal tsjin te gean, mar ûntbriek in romtemacht om in fysike oanfal tsjin te kearen. Beide partijen wiene sadwaande min ofte mear ta inoar feroardiele.
Yn 'e iuwen dy't folgen, stiek op in stikmannich Bûtenkanter romtestasjons de Twadde Beweging de kop op. Dat wie in organisaasje dy't dan wol syn namme tanke oan wat no mei weromwurkjende krêft de Earste Beweging neamd waard, mar dy't dêr gjin direkte bannen mei hie. De Twadde Beweging wie anty-Ierdsk en kante him fûleindich oan tsjin 'e karantênewetten. It idee wie om 'e oantaaste planeten te "genêzen" troch alle beheinings op it mêd fan nanotechnology ôf te smiten. Mar nei't in biobesmettingsynsidint op it romtestasjon Arc de ynterne relaasjes op skerp sette, foel de Twadde Beweging útinoar. In diel fan 'e oanhingers fersmiet de eardere oertsjûgings en holp de Bûtenkanter autoriteiten om 'e rest fan 'e organisaasje op te rôljen.
Dat diel fan 'e Twadde Beweging ûntjoech him dêrnei ta de relatyf goedaardige Frijtinkers, in subkultuer dy't him oankante tsjin alle foarmen fan gesach en dêr utering oan joech troch it hâlden fan demonstraasjes en de wegering om him te hâlden oan 'e algemien jildende noarmen en wearden. Ut 'e Frijtinkers kaam noch wer letter de Styl fuort, in subkultuer fan 'e radikale sjiken mei in eigen muzyksjenre en in fetisjisme foar lichemsfersiering troch it gebrûk nanotechnology. Beide subkultueren wiene ek behelle yn it smokkeljen fan alderhanne guod. De radikale restanten fan 'e Twadde Beweging giene ûnderwilens ûndergrûnsk en begûnen harsels de Trêde Beweging te neamen. De aktiviteiten fan dy organisaasje waarden yn bloed smoard nei in mislearre gewelddiedige oername fan 'e ferhelpinglaboratoaria op Arc.
Sa giene nei de nederlaach fan 'e Earste Beweging achthûndert jier foarby. Doe waard op in stuit in oant dan ta ûnfermoede basis fan 'e Earste Beweging ûntdutsen op in planeet oan 'e ondat-kant fan 'e grins. Nei in protte ûnderlinge strideraasje fan 'e ferskillende minsklike autoriteiten waard yn breklike kommunikaasje mei de ondat besletten om te besykjen en rêdt de minsklike populaasje fan 'e noch nammeleaze planeet, wylst de ondat mei in bombardemint fan meteoriten alle fierdere libben útrûgen. Twa Bûtenkanter wittenskippers, Ian en Luz, lânen as frijwilligers op it oerflak fan 'e planeet, wittende dat se dêr nea wer wei koene. Oer in perioade fan fjirtich jier yntrodusearren se eigen nanismen yn 'e minsklike befolking dy't de nanismen fan 'e Earste Beweging tsjingean moasten. De redens foar alle muoite dy't de Bûtenkanters diene om 'e planeetbewenners te rêden, wie net inkeld humanitêr, mar wie der ek op rjochte om 'e technology fan 'e Earste Beweging ûnskeind yn 'e hannen te krijen, sadat troch in better begryp de skea op 'e oantaaste planeten better ferholpen wurde koe.
Ian en Luz hiene mei tsjinslaggen te krijen, mar op it nipperke foar't de ondat de planeet ferwoastgen, wisten se troch tadwaan fan 'e ealman en rebellelieder Marak Trin Tain in grut part fan 'e befolking te rêden troch dy lju te húsfêstjen yn harren toer (eins in rjochtopsteand romteskip) en yn it grutte tunnelstelsel dêrûnder (sjoch: Hammerfall). Mank de oerlibbenen wie ek de Ila, de mear as achthûndert jier âlde hearskeresse fan 'e planeet en in oarspronklik lid fan 'e Earste Beweging. Troch har nanismen, dy't oanhâldend alle skea oan har lichem reparearren, wie hja nammentlik ûnstjerlik wurden. De nanismen dy't Ian en Luz ûntwikkelen en dy't de nanismen fan 'e Ila oerkinne moasten, hiene needsaaklikerwize deselde funksje, mei as gefolch dat der op 'e planeet in groep fan ûnstjerliken ûntstie, ûnder wa Luz, Ian, de Ila, har kaptein Memnanan, Marak, dy syn froulju Hati en Norit, en ferskate oaren. Mei't de nanismen oererfber wiene, hiene ek al Marak syn bern, bernsbern en letter neikommelingen deselde ûnstjerlikens.
Underwilens waard der, mei muoite, in ferdrach sletten tusken de minskheid en de ondat oer de planeet, dy't meitiid Maraks Wrâld kaam te hjitten. Dat resultearre yn 'e bou fan in romtestasjon yn in geosyngroane baan om 'e planeet, om tafersjoch te hâlden op it wer ta libben bringen fan 'e wrâld dêrûnder. It stasjon waard Concord ("Iendracht") neamd. De Ierde stjoerde in gûverneur mei ûnderhearrigen om it stasjon te bestjoeren. De Bûtenkanter Ried op Apex rjochte in eigen parallel regear op ûnder in foarsitter, en dêrnjonken in Buro foar Planetêre Observaasjes (PO) om fia ynternalisearre telekommunikaasjekanalen kontakt mei Marak, Luz, Ian en de oare ûnstjerliken te ûnderhâlden. De ondat ynstallearren op it stasjon, efter in tsjûk tuskenskot, in eigen waarnimmer (of mooglik waarnimmers, dat bleau ûndúdlik), mei wa't de minsken mar komselden kontakt hiene.
Tûzenen jierren giene foarby. Yn it stasjon bleau it prekêre trijesidige lykwicht fan 'e Ierde, de Bûtenkant en de ondat yn stân. De minsklike befolking fan it stasjon woeks oan ta mear as in miljoen. Twaris waard in âld stasjon ôftanke en in nijenien ûnder deselde namme yn gebrûk nommen. Plannen foar de bou fan in fjirdenien waarden makke. Op it planeetoerflak gie it wer ta libben bringen fan Maraks Wrâld yn relative sin dat it slydjage, om't nanismen it natuerlike proses fan evolúsje gâns flugger gean lieten. Yn 'e rest fan 'e minsklike romte folgen maatskiplike feroarings inoar op, mar op Concord bleau, útsein uterlik fertoan, alles by it âlde. Sels de taal, dy't nearne oars mear sprutsen waard, feroare dêr net, want op it planeetoerflak libben ûnstjerlike sprekkers foar wa't it de memmetaal wie, en kommunikaasje mei de planeet wie ommers de reden foar it bestean fan Concord.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Maraks Wrâld wurdt in geologyske feroaring ferwachte: de Antarktyske Oseaan sil troch in tinne rotswand hinne brekke om in útstrutsen leechlân fan sâltflakten binnen te streamen. Sa sil der in ûndjippe nije see ûntstean, dêr't nij libben ta ûntjouwing komme kin. Om't de ondat beswier meitsje tsjin nije satelliten, moat soks allegearre fan it planeetoerflak ôf yn 'e rekken holden wurde. De ûnstjerlike Marak Trin Tain en syn frou Hati binne mei in groep jongemannen fan 'e hjoeddeistige generaasje op beshti (grutte lêstdieren dy't ôfstamje fan Ierdske kamielen) ûnderweis nei de rotswand om der in kamera te ynstallearjen. Dêrby wurde se fan op ôfstân ûnderstipe troch Ian en Luz yn harren basis.
Harren ferrjochtings wurde op 'e foet folge troch Marak syn trije waarnimmers yn it romtestasjon Concord, dy't him elts acht oeren deis begeliede. Marak en syn waarnimmers binne foarsjoen fan in ynternalisearre telekommunikaasje-apparaat yn har holle, sadat de waarnimmers streekrjocht mei Marak kommunisearje kinne en alles hearre wat hy heart. Auguste hat de nachttsjinst, fan 02.00 oant 10.00 oere, Drusus hat de jûnstsjinst, fan 18.00 oant 2.00 oere, en de deitsjinst, fan 10.00 oant 18.00 oere, falt ta oan Procyon. Dyselde is de jongste en nijste fan Marak syn waarnimmers, dy't dit wurk noch mar twa jier docht. Hy hjit eins Jeremy Stafford jr., mar lykas in protte lju yn Concord brûkt er syn registernamme mar komselden. Procyon is tige wiis mei syn baan, dêr't er troch Marak sels foar útsocht is út in foarselektearre kloft gadingmakkers. It neidiel is dat alles topgeheim is en dat er der nea oer prate kin. Sels net mei syn âlden of mei syn fan harren âldelju ferfrjemde suster Arden, dy't harsels no Ardath neamt en ien fan 'e grutte Stilisten fan it romtestasjon wurden is.
Procyon syn baas is Antonio Brazis, dy't de dûbele post beklaaid fan foarsitter fan 'e Bûtenkanter Ried op Concord en direkteur fan it Buro fan Planetêre Observaasjes. Dyselde is him derfan bewust dat Kekellen, de ondat-waarnimmer op Concord, dy't nimmen ea sjoen hat, grutte belangstelling toant foar Marak en yn it ferlingde dêrfan ek foar Procyon. Nettsjinsteande harren faak tsjinstelde belangen ûnderhâldt Brazis in goede wurkrelaasje mei Setha Reaux, de Ierdske gûverneur fan Concord. Beide mannen binne ûntrêstge oer de ûnferwachtse oankomst yn it planetestelsel fan Maraks Wrâld fan in Ierdsk romteskip, in healjier foar't it folgjende skip arrivearje soe. Reaux hat dêrnjonken hiel wat te stellen mei in privee-krisis, mei't syn rebelske puberdochter Kathy en syn frou Judy wer ris deilis rekke binne, diskear om't Kathy op eigen manneboet har hier blondearje litten hat.
Op syn fragen kriget Reaux fan it Ierdske romteskip, de Suderkrús, ta antwurd dat it doel fan 'e reis is om in ambassadeur Andreas Gide te bringen. Oer wat dy Gide op Concord wol, kriget er neat te hearren. Wannear't de Suderkrús Concord einlings en te'n lêsten berikt en dêr oanleit, komt Gide oan board fan it romtestasjon yn in mânske selsrinnende masine, in mobile karantêne-ienheid, dy't foarkomme moat dat er besmet rekket mei wat de Ierdlingen dan ek mar miene dat der op Concord omgiet. Reaux, dy't de ambassadeur nei syn tydlik ûnderkommen begeliedt, merkt daliks dat it besyk gjin freonlike bedoeling hat. Gide easket dat Procyon by him brocht wurde sil, sadat er de jonge waarnimmer ûnderfreegje kin. Hy suggerearret foar Reaux oer dat der earnstige fertinkings binne dat Procyon, dy't as puber in blaumoandei mei de Frijtinkers omslein hat, fan it planeetoerflak ôf ferbeane ynformaasje ûntfangt oer de nanotechnology fan 'e Earste Beweging. It doel dêrfan soe wêze dat er dy gegevens trochjout oan radikalen dy't de Trêde Beweging nij libben ynblaze wolle.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Reaux, dy't it in healwiis ferhaal fynt, oerleit mei Brazis, dy't it mei him iens is dat der neat fan oan wêze kin. Mar hoewol't Reaux hopet dat Brazis, dy't as direkteur fan Planetêre Observaasjes it lêste wurd oer de waarnimmers hat, it near op 'e ûnderfreging fan Procyon lizze sil, beslút Brazis te foldwaan oan 'e eask fan Gide, út poere nijsgjirrigens oer wat hjir no krekt efter sit. Procyon wurdt, tige tsjin 't sin, út 'e rûlaasje as waarnimmer helle om taret te wurden op syn petear mei Gide. Marak, dy't dêr net yn kend wurdt, hat dêr bot argewaasje fan, temear om't er yn 'e swierrichheden rekke is. In ierdbeving hat de beshti fan syn jongemannen op 'e rin jage, en hy en Hati, dy't as iennigen harren beshti witten hawwe te behâlden, folgje it spoar fan 'e flechtlingen by in rige terrassen del nei de sâltpannen yn 'e djipte, wylst de rotswand mei de Antarktyske Oseaan derefter op trochbrekken stiet.
Hoewol't it Procyon troch Brazis goed yndruid is dat er, salang't de Suderkrús by Concord bliuwt, gjin twifelige kontakten hawwe mei, hat er de nacht foar it petear mei Gide bûten syn skuld om in moeting mei syn suster Ardath, dy't him by him thús opsiket. It docht bliken dat Ardath oer him ynsit, mei't der yn it útgeanslibben fan Concord geroften geane dat Procyon in ynformant foar de autoriteiten is. De oare deis bejout Procyon him foar syn moeting mei Gide nei in diel fan it romtestasjon dêr't de alderryksten wenje en dêr't er sels noch nea west hat. It petear rint al rillegau út op in ferhear, wêrby't de ambassadeur Procyon slim ûnder druk set. Procyon hâldt lykwols fol dat syn belutsenens by de Frijtinkers in rebelske befleaning wie dêr't er fan bekommen is sadree't er foar it ferstân krige hoe skynhillich dy lju wiene. Hy wegeret fierders ta te jaan dat er as waarnimmer ea wat ferkeards dien hat en seit dat by syn witten it obervaasjeprogramma fan Maraks Wrâld ek net misbrûkt wurde kin op 'e wize dy't Gide him foarleit.
Brazis hie Procyon yn 't foar opdracht jûn om fuort te gean, al hoe ûnfatsoenlik oft er dêr ek foar wêze moast, as de sitewaasje bedriigjend foar him waard. Wannear't Gide sûnder pardon in scan fan him nimt, beslút Procyon dat dat momint kommen is. Hy ferlit de wente fan Gide, mar op it stuit dat er de doar iependocht, is der in eksploazje dy't de mobile karantêne-ienheid fan Gide op 'e side kantelet. Procyon wurdt net direkt rekke, mar rint troch de skokweach in swiere harsenskodding op. Hy beslút om te sjen dat er op kantoar komt, mar kriget in black-out, wêrnei't er in hiele oare kant opgien blykt te wêzen. Dêrnei wol er nei hûs gean, mar nei nije black-outs fynt er himsels werom yn it fulgêrste, gefaarlikste diel fan Concord, dêr't de ûnderwrâld fan it romtestasjon konsintrearre is.
Underwilens kriget gûverneur Reaux berjocht dat ambassadeur Gide besketten is mei in pânsertrochboarjende granaat. Gide is by de oanfal net swierferwûne rekke, mar syn mobile karantêne-ienheid is nei gychem en de ambassadeur is bleatsteld oan 'e lucht fan Concord mei alle 'besmettingsfektors' dy't dy befettet. Dat betsjut dat er nea mear werom kin nei de Ierde of de Binnenwrâlden. Reaux siket Gide op yn it sikehûs. De man is poerrazen oer de gong fan saken en jout eltsenien om hinne de skuld, fan Reaux en it Ierdske bestjoer fan Concord oant Brazis en it Buro fan Planetêre Observaasjes. No komt einlings it hege wurd derút: Gide is in fertsjintwurdiger fan 'e Ferdrachskommisje, in oerâlde Ierdske organisaasje dy't it neilibjen fan it ferdrach mei de ondat bewekje moat, en dy't frijwol nea wat fan him hearre lit. Dat betsjut lykwols dat er mei wiere autoriteit sprekt. Hy seit Reaux oan dat er, om't er no nea mear fan Concord ôf kin, fan doel is om hjir in kantoar fan 'e Ferdrachskommisje op te setten. Reaux sjocht it swurk al driuwen foar wat dat betsjutte soe: in fjirde autoriteit op it romtestasjon njonken it offisjele Ierdske bestjoer, it Bûtenkanter skaadbestjoer en de ondat. En in autoriteit dy't de hiele boel destabilisearje soe en it foech fan 'e gûverneur bytsje by bytsje nei himsels talûke soe.
Underwilens berikt de krisis by Reaux thús it siedpunt op in stuit dat er him dêr nei mei dwaande hâlde kin om't er wichtigere saken oan 'e holle hat. Nei in nije konfrontaasje tusken syn dochter Kathy en syn frou Judy, rint Kathy fuort fan hûs en wurdt wei yn 'e Trend, it modieuze sintrum fan it romtestasjon, dêr't alle nachtklubs, restaurants en oare útgeansgelegenheden binne.
Reaux nimt kontakt op mei Brazis en fertelt wat Gide tsjin him sein hat. As de Ferdrachskommisje efter it stjoeren fan 'e ambassadeur sit, giet it dus dochs net om in polityk spultsje dat bedoeld is foar ynterne konsumpsje troch it elektoraat op 'e Ierde, sa't Reaux en Brazis earder tocht hiene. Brazis wie fan miening dat de Ierde heechút in heksejacht begûn wêze koe út oanhâldende eangst foar it feit dat der op it planeetoerflak fan Maraks Wrâld noch altyd in lid fan 'e Earste Beweging libben en wol omrint, te witten: de Ila, in frou dy't mooglik har lange, lange libben begûn is as Ilia Lindström. No moat Brazis de mooglikheid ûnder eagen sjen dat der wier in lek yn syn organisaasje sit. Hy beslút iepen kaart mei de gûverneur te spyljen en fertelt dat er koartby ûntdutsen hat dat de foarsitter-generaal fan 'e Feriene Bûtenkanter Ried op Apex in geheim agint nei Concord stjoerd hat, in Francisco Magdallen, dy't mooglik ûndersyk docht nei itselde as wêrfoar't Gide stjoerd is. Ek drukt er Reaux op it hert om Dortland, it haad befeiliging fan 'e gûverneur, net te fertrouwen, mei't er oanwizings hat dat Dortland in Ierdske geheim agint is.
Mei't de ynset fan in pânsertrochboarjende granaat frijwol de hiele ûnderwrâld fan Concord útslút fan ferantwurdlikheid foar de oanslach op Gide, fermoedet Brazis dat Dortland der sels efter sit. It liket der sterk op dat it gjin moardoanslach wie, om't de oanslachdoggers de helpleaze Gide nei de eksploazje gewoan gewurde litten hawwe. Brazis tinkt dat it inkeld de bedoeling wie om Gide bleat te stellen oan 'e lucht fan Concord, sadat er der net wer wei koe. Om't er likegoed in wurknimmer fan 'e Ferdrachskommisje bliuwt, soe soks de facto de permaninte ynstallaasje fan in fertsjintwurdiger fan dy organisaasje op Concord ta gefolch hawwe, sûnder dat dêr jierrenlange en drege ûnderhannelings mei de ondat foar nedich wiene. Wierskynlik wie Gide sels net ien op 'e hichte fan wat syn wurkjouwer mei him fan doel wie.
Underwilens soarget de oanhâldende ôfwêzigens fan Procyon foar swierrichheden by it Buro fan Planetêre Observaasjes. Marak, dy't witte wol wat der mei syn jongste waarnimmer bard is en dy't trochdat alles him tsjinrint dochs al net folle geduld hat, wurdt almar lulker troch de ferlechjes dy't him hieltyd foarholden wurde. Procyon sels, dy't ferdwaasd troch it romtestasjon swalket, besiket hieltyd wer syn ynternalisearre kommunikaasjetechnology te brûken om kontakt op te nimmen mei Brazis, mar troch syn harsenskodding funksjonearret de boel net mear nei behearren en is it boppedat foar him tige pynlik om sa te kommunisearjen. Hy kin mar gjin kontakt krije mei Brazis, mar wit op in stuit wol troch te brekken ta Luz op 'e planeet, wat hielendal net mooglik wêze moatte soe. Luz har petear mei Procyon wurdt hackt troch de Ila, dy't dêrby sa'n heech folume brûkt dat se it hiele systeem iepenblaast en skansearret.
Alle waarnimmers dy't op dat stuit ynskeakele binne, reitsje útskeakele troch migrêne en mislikens krekt op in momint dat Brazis ferlet hat fan al syn mankrêft. De waarnimster fan 'e Ila sels, in Zillha Faron dy't harsels Argent neame lit, rint sels in oerhaal op en ferstjert letter oan 'e gefolgen dêrfan. It foarfal makket lykwols oan Brazis wol dúdlik wêr't it lek yn syn organisaasje sit, want om te dwaan wat se die, moat de Ila fan 'e iene frekwinsje nei de oare oersprongen wêze, wat hielendal net heart te kinnen. Brazis beseft dat de ûnstjerliken op it planeetoerflak syn systeem folle better kenne as syn eigen technisy.
Procyon wurdt ûnderwilens nei in nije black-out troch de lytse himmelrobots dy't it romtestasjon skjinhâlde, opfandele en ûntfierd, hoewol't ek dat ûnmooglik wêze moatte soe, om't de apparaten programmearre binne om minsken, sels as se dea binne, gewurde te litten. Hy bedarret yn in tsjustere romte earne yn 'e krochten fan Concord, dêr't er oanrekke wurdt troch in reuseftich wêzen dat er troch it skimerige ljocht mar heal gewaarwurde kin. It is pas letter dat er beseft dat er in moeting hân hat mei Kekellen, de ondat-waarnimmer. Neitiid is Procyon koartsich en mislik, en boazet syn pineholle oan, wylst er no de stim fan 'e ondat yn syn holle heart. Nei ferrin fan tiid kriget er foar it ferstân dat Kekellen by him in eigen kommunikaasje-nanisme ynbrocht hat. Fanwegen de reäksjes fan 'e minsken dy't er tsjinkomt, dy't kjel foar him tebekwike, siket Procyon in spegel op. It docht bliken dat Kekellen ek it ondat-symboal op syn foarholle gravearre hat dat eltsenien yn it romtestasjon ken en dat "ôfbliuwe" of "eigendom fan 'e ondat" betsjut. As Brazis berjocht kriget dat Procyon mei dat symboal op 'e foarholle omrint, beseft er dat Kekellen besletten hat him mei de gaos oan 'e minsklike kant fan it romtestasjon te bemuoien.
Reaux pakt yn 'e tuskentiid om mei wat er oanmoat mei Gide en dy syn plan om in kantoar op Concord te fêstigjen. Hy beslút de gok te nimmen en Kekellen oer de sitewaasje yn te ljochtsjen. Om't syn offisjele fertalers in fergunning hawwe fan 'e Ferdrachskommisje en dêrom no eins foar Gide wurkje, kin er harren net mear fertrouwe. Hy stelt sels in sa simpel mooglik boadskip op en stjoert dat nei Brazis, dy't in eigen kommunikaasjekanaal mei Kekellen ûnderhâldt. Brazis stiet yn bestân oft er it boadskip wol trochstjoere sil, mar beslút dat úteinlik dochs te dwaan. Net folle letter kriget Reaux it berjocht dat Gide yn it sikehûs besmet rekke is mei in ûnbekend nanisme, dat in telekommunikaasjefermogen yn syn holle ynstallearret. Gide sels is yn alle steaten. Reaux beseft earst net wat dit is. Pas letter kriget er foar it ferstân dat Gide mei in ûnbekend en ûnbehearske ynternalisearre telekommunikaasjefermogen net mear foar de Ferdrachskommisje wurkje kin, dêr't er ommers oan ien wei troch mei topgeheime ynformaasje omslacht. Dan falt it him yn dat dizze neutralisaasje fan Gide it antwurd fan Kekellen op syn eigen fraach om help is.
It komt oan it ljocht dat ferbeane ynformaasje fan 'e Earste Beweging wol deeglik trochjûn is fan 'e Ila fia har waarnimster Argent nei beskate persoanen yn it kriminele sirkwy op Concord. De Ila hâldt út dat sysels gjin skuld draacht, en dat sy inkeld beäntwurde hat wat se seit dat "kontrôlefragen" wiene fan Argent, dy't bewearde dat se de fragen stelde yn opdracht fan Brazis. Net ien dy't leaut dat de Ila, dy âldste fan alle ûnstjerliken, foar wa't yntrigearjen in libbenswize is, harsels sa bedrage litten hat. Mar de iennichste dy't de lêzing fan 'e foarfallen sa't de Ila dy presintearret tsjinsprekke koe, is Argent, dy't dea is troch tadwaan fan dyselde Ila. Oft dat tafal of opset is, wit allinnich de Ila. Fan Concord waard de ynformaasje ferstjoerd nei it romtestasjon Orb, dêr't it omset waard yn 'e produksje fan yllegale nanotechnology. Wylst op Concord nimmen der euvelmoed yn hie, kamen sawol de Ierdske autoriteiten as it sintrale Bûtenkanter regear de gong fan saken op it spoar. Mar ynstee dat se Reaux en Brazis op Concord ynljochten sadat dy fuortendaliks it near op 'e saak lizze koene, kamen sawol de gûverneur as de direkteur fan Planetêre Observaasjes sels ûnder fertinking fan belutsenens te stean. De Bûtenkanter foarsitter-generaal stjoerde de geheim agint Magdallen om ûndersyk te dwaan, wylst de Ierde keas foar in minder subtile oplossing troch ambassadeur Gide te stjoeren.
Yn 'e Trend is ûnderwilens Kathy, de naïve dochter fan gûverneur Reaux, yn 'e hannen fallen fan 'e kweawillende Frijtinker Algol, in âlde bekende mar beslist gjin freon fan Procyon. Ut it ûndersyk fan Magdallen docht bliken dat Algol oan kop en earen ta yn it lekken fan ferbeane ynformaasje behelle is, yn 'e mande mei de strjitbinde dêr't er lieding oan jout en in fertsjintwurdiger fan 'e Trêde Beweging fan Orb, dy't himsels Typhon neamt.
Op 'e planeet brekt de rotswand troch en begjinne de sâltpannen fol te rinnen. It mei-inoar yn oanrekking kommen fan it iiskâlde seewetter en it gleonhjitte sân liedt ta mist en rein en úteinlik ta swierwaar mei hurde wyn. Marak en Hati trochsteane it minne waar. De ûntsnapte beshti, dy't harren hieltyd in stap foar wiene, komme no út harsels werom om't se der gjin aardichheid oan hawwe om kâld en wiet te wêzen. Krekt foar't it seewetter harren berikt, witte Marak en Hati mei alle bisten wer op hegere grûn te kommen.
Ardath, de suster fan Procyon, heart lang om let fan 'e swierrichheden dêr't har broer yn ferkeart. As grutte Stylist is se in idoal foar in grut part fan fral de jongerein fan Concord en sadwaande beskikt se oer kontakten. Dêr't de autoriteiten faald hawwe om Procyon werom te finen, slagget dat Ardath wol. As se him sjocht, is it har dúdlik dat syn tastân alteast foar in part feroarsake wurdt troch in genetyske modifikaasje, in mod (te witten: it telekommunikaasje-nanisme dat Kekellen oan Procyon jûn hat). Ardath, dy't gjin idee hat fan 'e belutsenens fan 'e ondat by de hiele sitewaasje, en dy't mient dat it ondat-symboal op syn foarholle in aaklike streek fan syn fijannen is, fermoedet dat Algol derefter sit. Procyon is der te min oan ta om har dat idee út 'e holle te praten. Ardath is tige beskermjend foar har âldere broer oer en beslút om sels mei Algol ôf te weven. Procyon besiket har tsjin te hâlden, mar is te swak om dat op te rêden.
Mei har selsoanstelde liifwachten Spider en Isis en har fierdere entoeraazje fan tsientallen bewûnderers bejout Ardath har nei it fertutearze hotel Michelangelo's, wêrfan't eltsenien wit dat it Algol syn haadkertier is. Ardath freget de oare grutte Stylisten fan 'e Trend om help, sels Diamant en Minx, mei wa't se al moannenlang in tige publike fete ûnderhâldt. De oare Stylisten jouwe harren by har en bringe harren eigen entoeraazjes mei. En in grutte hoemannichte belangstellenden en meirinners folget om te sjen wêr't dit op ta giet. Mei in kliber fan hûnderten oanhingers kringt Ardath by Michelangelo's nei binnen ta. Kathy Reaux, dy't dêr troch Algol-en-dy finzen holden wurdt, wit yn 'e alteraasje te ûntkommen nei de kant fan Ardath. Der folget in konfrontaasje, dy't útrint op in hommelse útbarsting fan geweld. Isis rekket Algol mei in nulle dy't in deadlike mod by him ynbringt. Typhon sil Ardath en de ferswakte Procyon te liif, mar de Bûtenkanter spion Magdallen, dy't de kliber oanhingers fan Ardath ynfiltrearre is, sjit him dea. Neitiid wurde de beide liken troch himmelrobots útinoar skuord en ôffierd. Net de lytste bloeddrip bliuwt efter. De minsklike autoriteiten fan Concord beslute oer dy gong fan saken mar gjin fragen te stellen.
Letter keart Procyon, nei't er opbettere is fan syn harsenskodding en de njonkeneffekten fan 'e ynstallaasje fan syn nije kommunikaasjekanaal, werom by Planetêre Observaasjes as de waarnimmer fan Marak. Dyselde is tige bliid om wer fan him te hearren. Eks-ambassadeur Gide hat mear muoite om mei syn genetyske modifikaasje om te gean en bliuwt foarearst yn it sikehûs. Wol is dúdlik dat syn mod, krekt as dy fan Procyon, him ferbynt mei Kekellen. Brazis is der foarearst folslein mei besteld om te bewissigjen dat der net wer ynformaasje lekke kin. Reaux wit him no wer feilich yn syn posysje. Hy is tige tankber foar de rêding fan syn dochter Kathy, ek al is dy net wer thúskommen. It fanke neamt harsels no Mignette en bliuwt yn 'e Trend, dêr't Ardath har op 'e noed nommen hat. Har mem Judy hat dêr gjin goed wurd foar oer, mar Reaux sels beseft dat er Kathy frij litte moat om har eigen libben te lieden. Se bliuwt hoe dan ek syn dochter. Op it planeetoerflak is in ûndjippe nije see ûntstien, en al is it net slagge om dat ûntsteansproses fan deunby te filmjen, dochs sille der noch mear as genôch kânsen komme om te ûndersykjen wat de gefolgen fan 'e nije lânfoarm wêze sille, sawol op it mêd fan waarpatroanen as wat de ûntwikkeling fan nij libben oangiet. Kekellen, en de ondat yn it algemien, binne no fia Procyon en Marak nauwer belutsen by de ferrjochtings op it planeetoerflak, en kinne tenei de werberte fan Maraks Wrâld út 'e earste hân folgje.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn SFRevu omskreau heechlearaar en redakteur fan it companionboek The Cherryh Odyssey (2004) Edward Carmien Forge of Heaven as "meislepend, ferbyldingsryk en ûnwjersteanber". Hy fûn dat it ferruiljen fan Cherryh har yntinse personele perspektyf fan Marak yn Hammerfall, dat neffens him "benauwend wurde kin", foar de styl fan Forge of Heaven mei in stikmannich ûnderskate, mei-inoar ferfrissele ferhaallinen, it boek "libbener" makke hie en teffens "ynteressanter".
Science fiction-skriuwer en literatuerkritikus John Clute skreau yn The Cherryh Odyssey dat Forge of Heaven "nuveraardich en op fassinearjende wize asimoviaansk is", ynsafier't de plot giet oer "it konflikt tusken feroaring en stabiliteit". Dat tema foarme neffens him nammentlik de kearn fan Isaac Asimov syn romansearjes Foundation en Robot.
Paula Luedtke skreau yn in resinsje yn Booklist dat Forge of Heaven "net ûnderskat" wurde moat, nettsjinsteande it neffens har "ûngelikense tempo". Sy skreau: "It kriget stadichoan mear feart, wêrmei't it op in ferbluffende en ûnferwachtse ein tagiet, dy't staljûn is mei masterlik selsfertrouwen." Publishers Weekly omskreau Forge of Heaven as in "spannend ferfolch op Hammerfall". Kirkus Reviews wie net ûnder de yndruk fan it ferhaal fan Forge of Heaven, dat yn in resinsje yn it blêd omskreaun waard as in "wanhopich yngewikkelde opset" mei in plot dy't "nearne hinne giet". De resinsint heakke dêr lykwols oan ta dat "jin dêr suver neat fan merke" troch de feardichheid fan Cherryh as skriuwster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |
- Literêr wurk fan C.J. Cherryh
- Science fiction-roman
- Ingelsktalige roman
- Roman út 2004
- Literatuer oer bûtenierdske wêzens
- Literatuer oer genetyske manipulaasje
- Literatuer oer nanotechnology
- Literatuer oer in romtestasjon
- Literatuer oer polityk
- Literatuer oer bruorren en susters
- Literatuer oer heiten en dochters
- Literatuer oer memmen en dochters
- Literatuer oer minsklike kolonisaasje fan de romte