Springe nei ynhâld

Folkert van der Hoek

Ut Wikipedy

Folkert van der Hoek (Boalsert, 1963) is in Fryske foarmjouwer fan tentoanstellings dy’t wurket yn Amsterdam.

Vredeman de Vriespriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2024 wûn er de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwings. Syn projekt waard priizge omdat hy de mienskip op in djipgeande wize belûkt, wat komselden bart yn design. Nei seis jier slagge it Van der Hoek om de Ald Skoalle oan it keatsfjild fan Húns yn gebrûk te nimmen as oantreklik poadium Phlox foar wurk- en presintaasjeromte. De ynstjoering betrof de foarmjouwing fan sân opienfolgjende presintaasjes, yn de mande mei twa doarpsprojekten yn de perioade 2021/2023. Fanwegen de koroanapandemy is ien kear keazen foar in perioade fan trije jier.

De priisútrikking waard organisearre troch Keunstwurk en de priis waard útrikt troch kultuerdeputearre Sijbe Knol yn Museum De Jouwer. Knol: Dat ûntwerp fêstiget it omtinken op de kwaliteit fan de beboude omjouwing dy’t bydraacht oan in gefoel fan grutskens en identiteit yn ús doarpen en stêden. It fersterkjen fan mienskippen en it realisearjen fan in oantreklike omjouwing is foar de provinsje in wichtich spearpunt. Yn totaal waarden dat jier tsien projekten ynstjoerd dy’t it ferskaat yn it Fryske lânskip wjerspegelen. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Folkert van der Hoek wint Vredeman de Vriesprijs voor vormgeving, Keunstwurk, 11 desimber 2024