Folkert Elsinga
| Folkert Elsinga | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 30 maart 1925 | |
| berteplak | Snits | |
| stoarn | 8 maart 1945 | |
| stjerplak | Leusden (by Amersfoart) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Studint | |
| aktyf as | Fersetsstrider yn WOII | |
Folkert Elsinga (Snits, 30 maart 1925 - Leusden, 8 maart 1945), alias 'Fok', wie in fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch út Rotterdam en aktyf lid fan de Lanlike Knokploegen. Hy waard arrestearre op 19 desimber 1944, tegearre mei syn suster Marijke, as gefolch fan it útpeilen fan in dêr oanwêzige stjoerder, en op 8 maart 1945 fusillearre te Leusden (Amersfoort), foar de oanslach by Woeste Hoeve op it haad fan de Dútske plysje yn Nederlân, Rauter.
Elsinga wie de âldste soan fan Tjerk Elsinga (1903-1990), skûlnamme 'José', distriktslieder Rotterdam fan de L.O. (Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers), en nettsjinsteande syn jonge jierren in wichtich meiwurker, ûnder oare foar it ferfalskjen fan persoansbewizen, by de sabeare firma CoCo.
Yn Rotterdam is in strjitte nei him ferneamd: Folkert Elsingastraat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|