Springe nei ynhâld

Foksguozzen

Ut Wikipedy
Foksguozzen
Alopochen aegyptiaca
Alopochen aegyptiaca
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift:goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift:echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje:goesfûgels (Anatoidea)
famylje:einfûgels (Anatidae)
skaai:foksguozzen (Alopochen)
Stejneger, 1885

De foksguozzen (Alopochen) foarmje in fûgelskaai út de famylje einfûgels (Anatidae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1885 foar it earst troch Leonhard Hess Stejneger publisearre. De namme Alopochen is in gearstalling fan 'e Grykske wurden 'alōpós' (foks) en 'chēn' (‘goes’). Letterlik betsjut de wittenskiplike namme foksgoes, itjinge ferwiist nei de kleur fan 'e rêchfearren dy't oan 'e kleur fan in foks tinken docht.

It skaai bestie út fjouwer soarten. Dêrfan libbet hjoed-de-dei allinne noch de Nylgoes. De oare soarten binne útstoarn.

OfbyldFryske
namme
Wittenskiplike
namme
FerspriedingsgebietStatus
Lytse MadagaskargoesAlopochen sirabensisMadagaskar† útstoarn nei de 14e iuw
MauritsiusgoesAlopochen mauritianaMauritsius† útstoarn (17e iuw)
NylgoesAlopochen aegyptiacaAfrika, eksoat yn Europanet bedrige
ReüniongoesAlopochen kervazoiReünion† útstoarn (jierren 1690)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Foksguozzen fan Wikimedia Commons.