Foksen
foksen | ||
![]() | ||
Ferskate soarten foksen (Vulpes). Fan loftsboppenoan mei de klok mei: de (reade) foks (V. vulpes), de sânfoks (V. rueppellii), de Bingaalske foks (V. bengalensis), de Afgaanske foks (V. cana), de fennek (V. zerda), de Kaapske foks (V. chama), de poalfoks (V. lagopus) en de steppefoks (V. corsac). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
famylje: | hûneftigen (Canidae) | |
ûnderfamylje: | echte hûneftigen (Caninae) | |
tûke: | echte foksen (Vulpini) | |
skaai: | foksen (Vulpes) | |
Garsault, 1764 | ||
De foksen (wittenskiplike namme: Vulpes) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae), de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae) en de tûke fan 'e echte foksen (Vulpini). Foksen binne lânseigen yn Afrika, Jeraazje en Noard-Amearika. Ta dit skaai wurde 12 soarten rekkene, wêrûnder de (gewoane of reade) foks (Vulpes vulpes), dy't ek yn Fryslân libbet. Datselde bist komt ek rûnom as eksoat yn Austraalje foar. De grutearfoksen (Otocyon), koartearfoksen (Atelocynus), krabbeslinende foksen (Cerdocyon), grize foksen (Urocyon) en Súdamerikaanske foksen (Lycalopex) wurde net ta de (wiere) foksen rekkene en binne ûnderbrocht yn eigen skaaien.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldst bekende fossilen fan in foksesoarte binne fan Vulpes riffautae, dy't yn it Let Mioseen yn Tsjaad libbe. De resten fan dat bist binne 7 miljoen jier âld, wat it ta ien fan 'e âldste hûneftigen út 'e hiele Alde Wrâld makket. Yn it Pleistoseen hiene foksen in frij algemiene fersprieding.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foksen binne lytse oant middelgrutte hûneftigen. Fan besibbe soarten út it skaai fan 'e hûnen (Canis), lykas de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans) en ferskate soarten jakhalzen, ûnderskiede foksen har net inkeld troch in lytsere lichemsfoarm, mar ek troch in lichtere lichemsbou. Foksen hawwe in tichte pels mei lang hier en in pluzige, rûne sturt dy't wol omskreaun wurde kin as in plomsturt. De sturt is teminsten heal sa lang as it lichem, mei in punt dy't faak in oare kleur hat as de rest fan 'e pels. De poaten binne relatyf koart en it lichem is lang. De snút is smel en spits en de earen binne tige grut en puntich. Oan 'e foarpoaten hawwe foksen fiif teannen, mar oan 'e efterpoaten mar fjouwer. Seksuele dimorfy komt net folle foar, hoewol't de mantsjes, de rikelfoksen of koartwei rikels, in slachje grutter binne as de wyfkes, dy't moerfoksen neamd wurde.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte foksen binne nachtdieren, mar se binne ek wolris op 'e lapen yn 'e skimer of ier op 'e moarn, as it al ljocht is. Se libje foar it meastepart solitêr, útsein yn 'e peartiid, wannear't se in monogame pearingsbân oangeane. (De gewoane foks, dy't yn lytse famyljegroepen libbet, is datoangeande in útsûndering.) Foksen binne opportunistyske karnivoaren dy't benammen lytse sûchdieren frette, lykas kjifdieren, mar ek wol fûgels, aaien, wringeleas dierte en ies. Behalven fleis frette se ek wolris wat plantaardich materiaal, lykas beien en oare fruchten. Se hawwe de oanstriid om itensfoarrieden oan te lizzen troch proaidieren of ies dat se net yn ien kear op kinne, te ferbergjen. Folwoeksen foksen hawwe net folle natuerlike fijannen, útsein de wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans) en ferskate soarten bearen en kateftigen, ôfhinklik fan it ferspriedingsgebiet fan 'e oangeande foks.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libbene soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e foksen (Vulpes) omfettet 12 libbene soarten:
|
Fossile soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrnjonken binne der ek noch ferskate fossile soarten bekend (allegear út it ûnderskaai fan 'e gewoane foksen):
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|