Foksebei

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foksebei
Vaccinium vitis-idaea L..jpg
taksonomy
klasse: Magnoliopsida
skift: Ericales
famylje: Ericaceae
soarte
Vaccinium vitis-idaea
L (1753)
Foksebei yn'e bloei

De foksebei as reade blebberbei (Vaccinium vitis-idaea) is in plant út de heidefamylje (Ericaceae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dwerchstrûk wurdt tusken de 10 en 40 sm heech en hat in kompakte, rjochtopsteande foarm. De ovale blêden binne ôfwikseljend pleatst en twadielich rangskikt. Se binne donkergrien en leareftich. Oan' e ein fan de tûkjes komme troskes mei meast wite, somtiden wat rossige, klokfoarmige blomkes. De blommetroskes besteane út fjouwer blommen. By oare soarten blebberbeien binne dat meastentiids fiif. Ein aughustus, begjin septimber rypje de beien yn fiif oant seis wike fan wyt nei helder read. Kultifearre rassen rypje ûnder geunstige omstannichheden ein septimber, begjin oktober nochris. De foksebei is in grienbliuwende plant.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omdat de foksebei winterhurd is (oant -22 °C) komt de soarte oaral op it noardlik healrûn foar, oant de noardpoalsirkel yn Grienlân. Yn Nederlân is de soart ûnder oaren te finen yn Sallân en op de Feluwe. Se hawwe in foarkar foar sinnige drûge plakken op soere, skrale grûn mar ferneare ek skaadrike bosken en earme sângrûn.

Fermeardering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foksebeien fermearderje harren neist bestowing ek troch it foarmjen fan ûndergrûnske útrinners. Hoewol de foksebei faaks te finen is yn de buert fan de blauwe blebberbei (Vaccinium myrtillus) kruse de soarten mar selden. De hybride tusken beide soarten hjit Vaccinium × intermedium.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foksebei wurdt faak by wyldgerjochten servearre yn de keukens fan noard- en sintraal Europa, benammen yn Skandinaavje, Poalen en Ruslân. Omdat de frucht frijwat soer is, wurdt dy selden rauw iten en meastentiids ferwurke ta kompôte. De frucht befettet ûnder oaren fitamine C, fitamine B1, fitamine B2, fitamine B3 en β-karoteen en mineralen as kalium, kalsium, magnesium en fosfaat.

Oan de blêden wurde genêskrêftige eigenskippen taskreaun. De dêryn foarkommende stof antosyaan soe nier- en blaasynfeksjes foar komme kinne.