Springe nei ynhâld

Fokker Universal

Ut Wikipedy
Fokker F.XXII

Rol Ferkearsfleantúch
Makker Atlantic Aircraft Corporation
Untwerper Robert Noorduyn
Earste flecht 1926
Yn tsjinst 1926
Ut tsjinst ?
Tal makke 44 (1926-1931)
Grutste brûkers Kanada, Feriene Steaten
Opfolger Super Universal
Restaurearre Fokker Super Universal mei tichte cockpit (museum Winnipeg)

De Fokker Universal, ek wol oantsjut mei Fokker F 9, wie it earste fleantúch fan 'e Atlantic Aircraft Corporation, de Amerikaanske dochterûndernimming fan Fokker, dat folslein yn 'e FS boud en ûntwurpen waard. It hege-fleugelfleantúch mei ien motor, ûntwurpen troch Robert Noorduyn, wie in tradisjoneel Fokker-ûntwerp.

De romp wie makke fan metalen buizen bedekt mei linnen doek. De fleugels wiene makke fan hout, ek bedekt mei doek. [1] De Universal hie in iepen cockpit mei in sletten kabine derachter foar passazjiers en fracht. De twa brânstoftanks sieten yn 'e fleugels. Fan 'e 44 boude Universals waard sawat de helte eksportearre nei Kanada. It fleantúch koe útrist wurde mei in lâningsgestel mei tsjillen, sky's of driuwers. De unike konstruksje fan it lâningsgestel mei fearren liet ta dat it fleantúch lânje koe op rûch iis, snie en oare ymprovisearre start- en lâningsbanen.

It fleantúch fertsjinne in reputaasje yn Noardlik Kanada as in betrouber bushfleantúch ûnder ekstreme omstannichheden. De Universal en syn opfolger, de Super Universal, hawwe by mear as tweintich loftfeartmaatskippijen wrâldwiid tsjinne.

Yn 1926 wie de Universal de earste kar fan Charles Lindbergh foar syn ferneamde transatlantyske flecht. De ried fan bestjoer fan 'e Atlantic Aircraft Corporation fûn it plan lykwols te riskant en wegere Lindbergh in fleantúch te ferkeapjen.

  • Fokker Super Universal – In ferbettere fariant mei in folslein sletten cockpit en cantilever-fleugels. De Super Universal wie foarsjoen fan in krêftiger Pratt & Whitney Wasp B radiale motor fan 450 hk. Der waarden sawat 200 fan boud.
  • Fokker F.XI – In ferzje fan 'e Universal oanpast foar de Jeropeeske merk, dêr't trije fan troch Fokker yn Nederlân produsearre waarden.

The Ghost of Charron Lake

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Ghost of Charron Lake, ferzje mei driuwers

In Fokker Universal mei de registraasje G-CAJD stoarte del yn Lake Charron yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba yn in sniestoarm op 10 desimber 1931. Nei in syktocht fan 30 jier nei it fleantúch - mei de bynamme "The Ghost of Charon Lake" - waard it yn 2005 ûntdutsen op 'e boaiem fan de mar troch in team fan it Western Canada Aviation Museum (sûnt desimber 2014: Royal Aviation Museum of Western Canada). Yn july 2006 waarden de motor en ferskate oare ûnderdielen fan it fleantúch weromfûn. By in fierdere operaasje yn 2007 waarden ekstra ûnderdielen weromfûn en tydlik opslein yn it museum. [2]

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Werjefte fan trije kanten fan de ferzje mei driuwers
Data
Bemanning1
Passazjiers4–6 (of 427 kg fracht)
Langte10,13 m
Spanwiidte14,56 m
Hichte2,70 m
Fleugeloerflak31,68 m²
Fleugellingte6,7
Leechgewicht996 kg
Maks. startgewicht1818 kg
Krúsfaasje158 km/o
Heechste faasje± 189 km/o
Tsjinstplafond3.658 m
Fleanberik805 km
Oandriuwing1 Wright J-6 njoggensilinder stjermotor, 330 hk (246 kW)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Dierikx, Marc Fokker: A Transatlantic Biography. Washington, DC: Smithsonian Institution Press, 1997. ISBN 1-56098-735-9
  2. de:Fokker Universal#Der „Geist des Charron Lake“