Fokker T. IV

Ut Wikipedy
Fokker T.IV/T.IVa


Rol Ferkenner/bommesmiter
Makker Fokker
Earste flecht 7 juny 1927
Yn tsjinst 1927
Ut tsjinst 1942
Tal makke 30 (T.IV en T.IVa)
Brûkers Nederlân, Portegal
Farianten T.IVa

De Fokker T-IV / T-IVa wie in troch Fokker boude ferkenningsbommesmiter út 1926 ornearre foar de M.L.D. yn it eardere Nederlânsk-Ynje.

Yn 1926 hie de Marine Loftfeart Tsjinst (M.L.D.) fan Nederlânsk-Ynje ferlet fan in lange-ôfstân ferkenningsbommenwerper mei driuwers. Itselde jier krige Fokker in opdracht foar it ûnwikkeljen fan it nije tastel dat oantsjut wurde soe mei Fokker T-IV.

Yn juny 1927 wie de earste flecht. Nei in oantal testflechten waard it tastel (registraasje T 1) oerdroegen oan de M.L.D. De testflechten by de M.L.D. ferrûnen mar bêst dat der waarden noch 11 tastellen besteld, dy't de registraasjenûmers T-2 o/m T-12 krigen en tusken 1928 en 1930 levere waarden. De bemanning bestie út fjouwer man. De kar foar de motors foel op twa Lorraine Dietriech’s fan 450 pk. De maksimumfaasje mei dy motors wie 200 km/oere.

Mids jierren 30 kaam der ferlet fan in ferbettere útfiering. Dit waard de T-IVa. De ferbetterings bestienen út krêftiger motors, in tichte cockpit (dêr't de fleanders neist elkoar yn sitte koenen) en geskutskoepels (turrets). It M.L.D. bestelde yn 1935 seis fan dizze nije tastellen en in jier letter nochris seis (registraasje T-13 o/m T-24). De T-IVa koe ek as torpedobommesmiter ynset wurde.

Fan it stuit ôf dat de T.IVa operasjoneel waard, waard stadichoan útein set mei it út de tsjinst heljen fan de âlde ferzje. De T-1 wie op 16 oktober 1937 al ferlern gien. De T-13 ferûngemakke op 12 oktober 1937. De T-23 en T-24 binne foardat se nei Ynje ferfarden noch 1 ½ jaar yn Nederlân bleaun. Sy waarden hjir brûkt foar it oefenjen yn oanfallen mei torpedo's. De tastellen koene ek brûkt wurde foar it lizzen fan in reekgerdyn. De T-14 ferûngemakke op 26 maaie 1941 by it útfieren fan sa'n flecht.

Op 8 desimber 1941 wienen der noch tsien T-IVa’s yn tsjinst by de M.L.D., mar doe al net mear operasjoneel. Op 1 maart 1942 waard de tastellen dy't oerbleaun wienen hjitten om nei in skûlplak by Modjekerto te fleanen. De kriich yn Ynje roan doe al op in ein en de oare deis waarden de tastellen troch de bemanning yn 'e brân stutsen.

Fan de T.IV binne 18 boud, fan de T.IVa 12. De Portugeeske Marine brûkte trije T.IVs, oandreaun troch Rolls-Royce Eagle motors. Oare lannen hawwe se net besteld.

Specifikaasjes (T.IVa)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bemanning: 4
  • Cockpit: ticht (T. IV: iepen)
  • Lingte: 17.60 m
  • Spanwiidte: 26.20 m
  • Hichte 6.00 m
  • Wjukoerflak: 97.80 m²
  • Gewicht leech: 4,665 kg
  • Maks. startgewicht: 7,200 kg
  • Motor: twa Wright SR-1820-F2 Cyclone
  • Type motor: 9 silinder radiaal (stjermotor), 750 hk (559 kW)
    • (T. IV: twa 450 hk (340 kW) Lorraine-Dietrich motors.)
  • Maks. faasje: 260 km/o
  • Krúsfaasje: 215 km/o
  • Fleanberik: 1560 km
  • Plafond: 5900 m
  • Lading: 73.6 kg/m²
  • Bewapening:
    • 1 × 7.9 mm (.31 in) M1919 Browning masinegewear yn de noas, boppekant romp (yn turrets) en ûnderkant
    • Oant 800 kg (1,764 lb) bommen yn de bommerûmte of 1 × torpedo ûnder de romp.