Fokker F.XX

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fokker F.XX

Fokker F-XX (1934).jpg

Rol Passzjiersfleantúch
Makker Fokker
Earste flecht 3 juny 1933
Yn tsjinst
Ut tsjinst 1938
Tal makke 1
Brûkers KLM, Spaanske Republikeinske Loftmacht
De F.XX boppe fleanfjild Berlyn - Tempelhof yn 1934

De Fokker F.XX wie in troch Fokker yn 1922 ûntwurpen en boude passazjiersfleanmasine.

De F.XX wie in trijemotorige heechdekker. De masine koe maksimaal 12 passazjiers meinimme. De F.XX waard troch Fokker makke fanwege de KLM, dy't foar de loftline nei Nederlânsk-Ynje in tastel hawwe woe dat sa'n 50 km/o flugger wie as de F.XVIII. Mei fluggere fleantugen woe de KLM bewize dat it gjin doel hie om spesjale postfleantugen op Ynje yn te setten. It ûntwerp fan de F.XX wie in ferbettering fan de F.XVIII. It tastel krige in ynklapber lâningsgestel as iennichste Fokker fan foar de oarloch en hie as earste Fokker in ovale romp yn trochsnee ynstee fan de tradysjonele fjouwerkante. Hoewol't de F.XX moderner wie as de eardere Fokkers, makke de komst fan de twamotorige Douglas DC-2 en DC-3 it tastel rillegau âlderwetsk.

Der waard mar ien F.XX boud, de "Zilvermeeuw" (PH-AIZ). Op 18 desimber 1933 soe it tastel besykje om yn in rekordtiid post nei Ynje te bringen. De middenmotor joech lykwols by de oanrin fan it opstigen belies. Reparaasje soe tefolle tiid naam hawwe en dêrom waard de F.XVIII "Pelikaan" yn'e gauwens reemakke foar de flecht nei Batavia, dy't - hoewol't er 50 km/o stariger wie - it slagge de tocht dochs yn it skema fan de "Zilvermeeuw" te folbringen.

Nei tsjinst by de KLM waard de fleanmasine ferkocht oan it Spaansk Republikeinsk regear om liaisontsjinsten tusken Madrid en Parys út te fieren. It tastel ferûngemakke yn Spanje yn 1938

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemien
  • Bemanning: 3
  • Passazjiers: 12
  • Lingte: 16,70 m (38 ft 10 in)
  • Spanwiidte: 25,70 m
  • Hichte: 4.80 m
  • Fleugeloerflak: 96.0 m2
  • Gewicht leech: 6.455 kg
  • Gewicht fol: 9.400 kg
  • Oandriuwing: 3 × Wright R-1820-F Cyclone 9-sylinder radiaalmotors, 477 kW (644 hk) it stik
Prestaasjes
  • Heechste faasje: 305 km/o
  • Krúsfaasje: 250 km/o
  • Tsjinstplafond: 6.200 m
  • Fleanberik: 1.410 km