Fokker D.XVII

Ut Wikipedy
Fokker D XVII

De Fokker D-XVII wie in jager dy't boud waard troch Fokker. It prototype fleach yn 1931. It earste eksimplaar waard yn 1934 troch de Loftfeartôfdieling (LVA) oanskaft. Der binne 11 fan makke, oarspronklik ornearre foar gebrûk yn Nederlânsk-Ynje troch de KNIL. Op 18 jannewaris 1938 waard mei dit type in nij hichterekôrd fan 10180 m. festige; it tastel waard flein troch luitenant René Wittert van Hoogland. Hoewol't in protte piloaten graach oer de D.XVII mochten, hie it tastel in soad technyske tebeksetters, dy't ûnder oaren resultearren yn in protte ûngemakken, benammen by it opstigen en de lâning. It tastel hinge oer nei oer de kop slaan.

De D-XVII-As wie in fierders gelikense ferzje, mar mei in Armstrong-Siddeley Panther stjermotor.[1]

Maaie 1939 waard de D.XVII as ferâldere beskôge en waard it in lesfleanmasine by de fleanskoalle fan de LVA op Teksel. Yn de maaiedagen fan 1940 waarden se troch it kommando loftferdigening ûnder oaren ynset as begelieders by bombardemintsflechten fan Fokker C.X's, ûnder mear by Wageningen en de Grebbeberch.

Specifikaasjes (D.XVII)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • lingte: 7.25 m
  • spanwiidte: 9.60 m
  • hicht: 3.00 m
  • wjukoerflak: 20.00 m²
  • gewicht leech: 1,070 kg
  • gewicht laden: 1,530 kg
  • motor(prop): Rolls Royce Kestrel IIS 595 hk of Hispano-Suiza 12Xbrs
  • soarte motor: 12-sylinder, floeistof-kuolle
  • maks. faasje: 356 km/h
  • fleanberik: 849 km
  • plafond: 8,750 m
  • bewapening: 2 × Vickers masinegewearen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jane's Encyclopedia of Aviation, Londen 1980