Springe nei ynhâld

Fokker A.I

Ut Wikipedy
Fokker A.I
algemiene ynformaasje
rol Ferkenning
lân f. oarspr. Keizerryk Dútslân
makker Fokker, Halberstädter Flugzeugwerke
ûntwerper Martin Kreutzer
gebrûk
út tsjinst ier 1915
tal makke sa'n 63 (1914–15)
brûkers Kaiserliche Marine's
Marine-Fliegerabteilung
K.u.K. Luftfahrtruppen
grutste brûker Fliegertruppe

De Fokker A.I (projektnamme M.8) wie in Dútsk twasitter ferkenningsfleantúch boud troch fleantúchbouwer Fokker oan de foarjûn fan de Earste Wrâldoarloch.

It ûntwerp fan de Fokker A.I skouderfleugel iendekker wie ôflaat fan de Frânske Morane-Saulnier H. Dat late ta it inisjële Fokker M.5 kasko, ûntwurpen troch Martin Kreutzer, dêr 't de gruttere A.I fan ôflaat waard. Fokker joech in soad akrobatyske demonstraasjes yn de M.5 oan de foarjûn fan de Earste Wrâldoarloch. De M.8 waard as de A.I besteld troch de Fliegertruppe. Fokker en Halberstadt produsearren sawat 63 tastellen. De fleugels wiene mei spantrieden oan de romp fêstmakke. It tastel waard oandreaun troch in Oberursel rotaasjemotor fan 80 pk.

  • Type: Fokker A.I
  • Foarrinner: Fokker M.5
  • Farianten: Fokker A.II en A.III
  • Fabriek: Fokker
  • Rol: Ferkenningsfleanmasine
  • Bemanning: 2 (fleander en waarnimmer)
  • Lingte: 7,54 m
  • Spanwiidte: 12,12 m
  • Hichte: 2,75 m
  • Fleugeloerflak: 16 m²
  • Motor: 1 × Oberursel U.0 sânsilinder rotaasjemotor, 80 hk
  • Propeller: twa blêden
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 135 km/o
  • Fleanberik: 400 km
  • Plafond: 3000 m
Bewapening
  • gjin

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klaauw, Bart van der (maart–april 1999). "Unexpected Windfalls: Accidentally or Deliberately, More than 100 Aircraft 'arrived' in Dutch Territory During the Great War". Air Enthusiast (80): 54–59. ISSN 0143-5450.
  • Scott, Josef (2012). Fokker Eindecker Compendium, Volume 1. Berkhampstead, Hertfordshire UK: Albatros Publications, Ltd. s. 32. ISBN 978-1-906798-22-2.

Taylor, Michael J. H. (1989). Jane's Encyclopedia of Aviation. Londen: Studio Editions. s. 398.