Fokke Bleeker

Ut Wikipedy

Fokke Bleeker (Oentsjerk, 23 april 1899 - Waalsdorperflakte, 12 febrewaris 1942) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Bleeker wie earste kommys by de belestingtsjinst. Hy wenne yn Bussum. Fan it begjin fan de oarloch ôf oan siet Bleeker by it ferset. Hy wie lid fan de "Groep Dubelaar" dy't ta de Oardertsjinst hearde. Yn it Goai, fral yn Naarden, wie er dwaande mei it opdollen fan munysje dy't dêr nei de kapitulaasje troch Nederlânske militêren bedobbe wie. Ek stielen hy en syn kollega's wapens uit de kazematten fan de festing fan Naarden. In part dêrfan soe letter brûkt wurde by de oanslach op it Amsterdamsk befolkingsregister laat fan Gerrit van der Veen.

Al yn 1941 waard syn fersetsgroep ferret en opppakt troch de Dútsker. Bleeker sels waard op 5 july 1941 arrestearre en mei de oare haadfertochten oerbrocht nei de finzenis fan Skeveningen, it Oranjehotel. Bleeker waard 12 febrewaris 1942 op de Waalsdorperflakte fusillearre. Syn lichem waard nea weromfûn. Ynearsten waard tocht dat er anonym beïerdige wie op de Waalsdoarperflakte. Nei wiidweidich ûndersyk fan rapporten en gegevens fan it krematoarium Velzen moast wol konludearre wurde dat et nei syn ferstjerren fuortendaliks nei it krematoarium fan Velzen brocht is en dêr anonym kremearre is.

Nei de oarloch waard der yn Bussum in strjitte nei him ferneamd. Hy krige postúm it Fersetsbetinkingskrús.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W.A. Brug - Hun naam leeft voort, útjouwerij Repro Holland B.V.