Springe nei ynhâld

Foggia

Ut Wikipedy
Foggia
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Apûlje
ProvinsjeFoggia
Sifers
Ynwennertal145.411 (31.07.2025)[1]
Oerflak509,26 km²
Befolkingsticht.285,53 ynw/km²
Hichte76 m
Oar
Postkoade71121–71122
Koördinaten41°27' N 15°33' E
Offisjele webside
www.comune.foggia.it
Kaart
Foggia (Itaalje)
Foggia
Lizzing fan Foggia yn Itaalje

Foggia is in stêd yn it súdlike diel fan Itaalje, yn de regio Apûlje. It is de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme en leit midden yn 'e grutte flakte fan 'e Tavoliere delle Puglie, ien fan 'e grutste en fruchtberste flaktes fan Itaalje. Troch de wichtige lânbouproduksje (benammen nôt, tomaten en olive-oalje) wurdt Foggia ek wol de “griene skuorre fan Itaalje” neamd.

Foggia waard nei alle gedachten yn 'e midsiuwen om it jier 1000 hinne stifte, mooglik op of by it plak fan in âlde Romeinske delsetting. De namme komt nei alle gedachten fan it Latynske fovea ("put" of "groeve") nei de opslachplakken foar nôt, dy't dêr brûkt waarden. Under de Normandjers en letter ûnder de Swabyske keizer Freark II bloeide de stêd op. De keizer hie sels in paleis yn Foggia en wie dêr geregeld. Letter waard de stêd ûnderdiel fan it Keninkryk Napels. De stêd hie te meitsjen mei ferskate ierdskoddings en in ekonomyske delgong yn 'e iuwen neitiid.

Oarlochsmonumint.

Foggia waard swier skansearre yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch bombardeminten fanwegen de tige strategyske betsjutting. De stêd lei oan wichtige spoarlinen tusken Napels, Bari en it suden fan Itaalje en der wiene grutte Duitse loftbases yn 'e omkriten. Dy waarden brûkt foar fleantúchferfier nei Noard-Afrika en de Balkan. Dêrom waard Foggia yn 1943 fan maaie oant augustus yn njoggen oanfallen it doel fan Alliearde bombardeminten. De oanfal fan 22 july dat jier wurdt hjoed-de-dei as ien fan 'e grutste rampen yn 'e Súditaljaanske skiednis beskôge. Neffens de meast betroubere rûzings kamen der tusken de 17.000 en 20.000 minsken om it libben en de âlde stêd waard foar in grut part ferneatige. Nei de oarloch waard de stêd hast hielendal op 'e nij boud mei in modern strjitteplan. Mar ûnder de ynwenners libbet noch jimmeroan de kollektive neitins fan la città martire, de martlerstêd; alle jierren wurdt op 22 july de ramt betocht. Dêrfandinne hat de stêd mar in pear histoaryske gebouwen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Katedraal fan Foggia (Cattedrale di Santa Maria Icona Vetere) út de 12e iuw mei in genedebyld fan 'e Jongfaam Marije dat neffens de leginde yn in modderpoel fûn waard.
  • It Palazzo Dogana is it âlde bestjoersgebou fan 'e Spaanske kroan út de tiid dat Foggia in sintrum fan 'e skieppehannel wie

De ekonomy fan Foggia driuwt foar in grut part op 'e lânbou en de ferwurking fan lânbouprodukten. De stêd hat ek in universiteit (de Università di Foggia) en is in regionaal sintrum foar ûnderwiis en tsjinsten. Alle jierren wurde der ferskate kulturele eveneminten fierd, lykas de religieuze feestdagen ta eare fan Marije, muzykfestivals en tradisjonele merken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: