Foeke Kuipers

Ut Wikipedy
Klupgebou "Industria" op de Dam, ûntwurpen yn 1912

Foeke Kuipers (It Mar tusken De Knipe en It Hearrenfean, 30 augustus 1871 - Huizen, 17 desimber 1954) wie in Fryske arsjitekt.

Beknopte biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuipers wie de soan fan in Fryske timmerman-oannimmer dy't him oan de ein fan de jierren 1870 yn Amsterdam festige. Kuipers krige de boukundige oplieding by Prof. J.F. Klinkhamer en H.P. Berlage oan de Quellinusskoalle in dy stêd. Hy helle dêr ek de sulveren medalje, de heechste ûnderschieding fan de skoalle. Syn âldere bruorren Tjeerd Kuipers en Roelof Kuipers wienen ek arsjitekt. Foeke syn oeuvre bestiet foar it meastepart út filla's dy't benammen útfierd binne yn cottagestyl.

Inkele wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1899: Amsterdam: pakhûs NV Het Nederlandsche Veem (tegearre mei Roelof Kuipers)
  • 1901-1901: Amsterdam: Jan Luijkenstrjitte 37-47
  • 1908: Heemstede: filla Meer en Berg
  • 1909-1913: Hoofddorp: Polderhûs
  • 1911-1912: Amsterdam: "De Roode Leeuw", Damrak 93-94
  • 1912-1916: Amsterdam: Klupgebou fan de Yndustriële Klup "Industria", Dam 27
  • 1932 Rotterdam: Eastlik Swimbad