Fodys
| Fodys | ||
| Foudia madagascariensis | ||
| Taksonomy | ||
| ryk | dieren (Animalia) | |
| stamme | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
| famylje: | weverfûgels (Ploceidae) | |
| Reichenbach, 1850 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● ● | ||
Fodys (Foudia) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De soarten yn it skaai wurde likernôch 12 oant 15 sm lang.
De soarten yn it skaai binne lytse fûgeltsjes mei wat rûnige bealchjes en in relatyf koart sturtsje. De snaffel is koart, koanysk en krêftich, gaadlik om sied te iten, mar ek ynsekten. Mantsjes ha yn 'e briedtiid opfallende kleuren mei faak fel read. Wyfkes binne ûnopfallend en grienbrún.
Fodys komme allinnich foar op 'e Maskarenen en Seysjellen, dêr't se yn iepen gebiet, tunen, bosk en boskrânen of sels stêden libje. Lykas oare wevers binne se sosjaal en kinne se grutte groepen foarmje. It nêst is balfoarmich en makke fan gers en planten.
De typesoarte fan it skaai Foudia is de Madagaskarfody (Foudia madagascariensis).
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai kent acht soarten, wêrfan't ien soarte útstoarn is:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| Reade fody or Madagascar fody | Foudia madagascariensis | Madagaskar | net bedrige stabyl[1] | |
| Komoarenfody of readkopfody | Foudia eminentissima | Komoaren, Majot, Seysjellen | net bedrige stabyl[2] | |
| Aldabrafody | Foudia aldabrana | Aldabra | bedrige | |
| boskfody | Foudia omissa | Madagaskar | net bedriged | |
| Mauritsiusfody | Foudia rubra | Mauritsius | bedrige stabyl[5] | |
| Seysjellenfody | Foudia sechellarum | De Seysjelle-eilannen Cousin, Cousine, Frégate | hast bedrige | |
| Rodriguesfody | Foudia flavicans | Mauritsius | hast bedrige | |
| Reünionfody | Foudia delloni | Reünion | Utstoarn [8] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
