Springe nei ynhâld

Fluitwilster

Ut Wikipedy
fluitwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaibûnte wilsters (Charadrius)
soarte
Charadrius melodus
Ord, 1824
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trochtrekker

     wintergast


De fluitwilster (Charadrius melodus) is in Noardamerikaanske fûgel yn it skaai bûnte wilsters (Charadrius) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Winterkleed.

It likernôch 18 sm lange fûgeltsje is trochstrings krekt wat grutter as in dûkelmantsje. De fûgels ha skiere boppedielen en oranje poaten en yn 'e flecht opfallend wite stút. Yn it briedkleed hat de fûgel in smelle donkere boarstbân, winterdeis is de boarstbân ferdwûn en is de snaffel hielendal donker. Hy ferskilt fan it dûkelmantsje troch de tsjokkere snaffel, blekere rêch en de poaten binne helderder as by de Amerikaanske bûnte wilster.

Fluitwilsters wurde ferdield yn twa ûndersoarten:

  • C. m. circumcinctus: it súdlike part fan Sintraal-Kanada en de noardlike-sintrale Feriene Steaten.
  • C. m. melodus: eastlik Kanada en de noardeastlike Feriene Steaten.

De circumcinctus hat yn it briedkleed faak in sletten boarstbân, wylst dy fan 'e melodus meast ûnderbrutsen is. Dêrnjonken is de melodus boppe faak wat bleker.

In likernôch twa wiken âld pykje.

Yn it briedseizoen is de fûgel oan 'e Atlantyske kust fan Nijfûnlân oant Noard-Karolina te finen en fierder briedt er oan 'e Grutte Marren en yn it Midwesten fan Kanada en Feriene Steaten. De soarte nêstet en libbet op sân- en stienstrannen mei in bytsje fegetaasje. Hy oerwinteret yn 'e Golf fan Meksiko (circumcinctus) en de súdlike Atlantyske kust (melodus) fan 'e Feriene Steaten.


Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fluitwilster foerazjearret oan 'e kustline fan strannen en oan 'e wetterkant. Syn dieet bestiet út ynsekten, ferskate wjirms en skulpdieren. It nêst is ienfâldich, faak tusken gerspôlen. De aaikes wurde om bar troch it mantsje en it wyfke útbret.

De ynkubaasjetiid duorret likernôch 27 dagen en de piken kinne yn 'e regel 30 dagen nei it útkommen fleane. Tusken dy tiid steane piken bleat oan in soad gefaren. De âlden beweitsje harren piken sekuer en besykje alle mooglike bedrigingen lykas krieën, katten of waskbearen by de jongen wei te lokken troch te dwaan as se ferwûne binne.

BirdLife International rûsde de populaasje fan 'e soarte yn 2020 op 7.600 oant 8.400 folwoeksen fûgels en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De oerwinteringsgebieten wurde lykwols beynfloede troch útdrûging fan 'e strannen, fersteuring en de oanlis fan ynfrastruktuer. Dêrfandinne wurdt de soarte op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich (Near Threatened, 2020) klassifisearre.

De populaasje fan 'e Grutte Marren is in tige lytse populaasje. Eartiids brieden dêr hast 800 pearkes fluitwilsters, mar tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 waarden noch mar 13 pearkes teld. Yn 2025 waard bekend dat it tal briedpearen troch beskermingsmaatregelen groeid wienen oant 88 briedpearkes.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: