Springe nei ynhâld

Fluitreager

Ut Wikipedy
Fluitreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaifluitreagers (Syrigma)
soarte
Syrigma sibilatrix
Temminck, 1824
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De fluitreager (Syrigma sibilatrix) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is de iennige soarte yn it skaai Syrigma.

De fluitreager is in opfallende, middelgrutte fûgel fan sa'n 53 oant 64 sm lang. Syn ferskining is kleuriger as dy fan de measte oare reigersoarten. De fûgel hat in opfallende rôze snaffel mei in swarte punt. Tusken de snaffel en om 'e eagen hinne is de hûd fearreleas en helderblau, dy't de fûgel in masker-eftich uterlik jout. Op 'e kop hat er in donkere (swarte of laaiblauwe) kroan mei ferskate lange sierfearren yn 'e nekke.

Nominaatfoarm.

De nekke en it boarst hawwe in waarm gielbrún oant goudkleurich tint. De rêch en de wjkken binne oer it algemien ljochtgriis. Ofhinklik fan 'e ûndersoarte ha de wjukfearren in kaniel- of huningkleurige glâns. De búk en de sturt binne wyt, itjinge fral goed te sjen is as de fûgel fleant. Foar in reager binne de poaten relatyf koart en se ha in grieneftich-swarte oant donkergrize kleur.

Der is hast gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes; beide skaaien sjogge der itselde út. Jonge fûgels binne faak wat doffer fan kleur as de folwoeksenen.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel bestiet út twa populaasjes dy't troch it Amasônebekken fan inoar skieden wurde. De noardlike populaasje libbert yn 'e Llanos-gerslannen en it Orinoco-bekken fan Kolombia en Fenezuëla. De súdlike poulaasje hat in folle grutter gebiet dat fan eastlik Bolivia en súdlik Brazylje oant Paraguay, Uruguay, en it noardeasten fan Argentynje rint. Der binne ek waarnimmings yn Sily en it noarden fan Perû. It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte wurdt troch ûntbosking útwreide.

It habitat bestiet út iepen gerslannen lykas fochtige savannes en greiden. Faak wurdt er sjoen op ûnderstrûpt lân en hy past him maklik oan kultuerlânskip oan. Beammen binne nedich foar de bou fan nêsten.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Syrigma sibilatrix sibilatrix (nominaatfoarm): de súdlike populaasje - wat grutter, donkerder (swartere) kroan en mear rôze-eftige wjukfearren.
  • Syrigma sibilatrix fostersmithi: de noardlike polulaasje - wat lytser en ljochter fan kleur; de kroan is mear laaiblau, de wjukfearren binne mear huningkleurich en de snaffel is trochstrings wat langer.

Oars as de measte reagers briedt de fluitreager net yn koloanjes mar allinnich. It nêst wurdt boud yn beammen, faak op in hichte fan 3 oant 11 meter. Se brûke faak folwoeksen beammen lykas de Araucaria of de Eucalyptus. It nêst is ienfâldich, makke fan tûken en strie sûnder in sêfte beklaaiïng oan 'e binnenkant. It wyfke leit meastentiids 3 oant 4 ljochtblauwe aaien mei lytse plakjes. De briedtiid duorret likernôch 28 dagen en de jongen bliuwe nei it útkommen noch sa'n 42 dagen op it nêst foardat se útfleane. It briedseizoen ferskilt geografysk; yn it noarden (Kolombia/Fenezuëla) briede se fan april oant septimber, wylst se yn it suden (Brazylje/Argentynje) meastentiids tusken septimber en jannewaris briede.

De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list. De populaasjetrend wurdt as stabyl beskôge. De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en past him goed oan feroaringen yn it lânskip oan. It ûntboskjen yn Súd-Amearika wurket sels yn it foardiel fan 'e fûgel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: