Floarus- en Laurustsjerke (Tûla)

Ut Wikipedy
Floarus- en Laurustsjerke

Церковь Флора и Лавра

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tûla
plak Tûla
koördinaten 54° 12' N 37° 36' E
Arsjitektuer
boujier 1772-1796
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 711410189440005
Webside
De tsjerke op de side fan it bisdom
Kaart
Floarus- en Laurustsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Floarus- en Laurustsjerke

De Floarus- en Laurustsjerke (Russysk: Церковь Флора и Лавра; tserkov Flora i Lavla) is in otterdoksk tsjerkegebou yn Tûla, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke mei de noch net werboude toer.

De parochy fan 'e oarspronklik houten tsjerke út de 17e iuw bestie benammen út wapenmasters en hie twa kapellen: ien dy't wijd wie oan 'e martlers Floarus en Laurus en ien ta eare fan Kosmas en Damianus.

Yn it begjin fan 'e 18e iuw waard op it plak fan 'e houten tsjerke in stiennen tsjerke mei itselde patrosinium boud. Op 'en doer rekke de tsjerke wat te lyts foar it tal parochianen en sa waard it beslút nommen de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. De earste stien waard lein yn 1772 en de konsekraasje wie yn 1796. In hege klokketoer fan fjouwer ferdjippings waard yn 1830 njonken de tsjerke boud.

De tsjerke waard yn 'e Sovjet-tiid sletten en de klokketoer ôfbrutsen. Yn 'e jierren 1990 krige it bisdom de tsjerke werom en waard der útein set mei it opknappen fan it gebou.

Yn 'e tsjerke wurde twa ikoanen bewarre, ien fan it Feodorovskaja Ikoan fan de Mem Gods en ien fan 'e Teotokos fan Bogoljubovo. De ikoanen wurde fereare en binne ferneamd fanwegen genêzings tidens de pest yn 1771.

De tsjerke hat in sneinsskoale, in bibleteek en de oan 'e tsjerke ferbûne geastliken binne aktyf yn de missy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Тула)