Flora MacDonald (politika)
Flora MacDonald | ||
politikus | ||
echte namme | Flora Isabel MacDonald | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
bertedatum | 3 juny 1926 | |
berteplak | North Sydney (Nij-Skotlân) | |
stjerdatum | 26 july 2015 | |
stjerplak | Ottawa (Ontario) | |
etnisiteit | Skotsk | |
partij | Progressive Konservative Partij | |
Kanadeesk minister fan Kommunikaasje | ||
amtsperioade | 1986 – 1988 | |
foargonger | Marcel Masse | |
opfolger | Lowell Murray | |
Kanadeesk minister fan Wurk en Ymmigraasje | ||
amtsperioade | 1984 – 1986 | |
foargonger | John Roberts | |
opfolger | Benoît Bouchard | |
Kanadeesk minister fan Bûtenlânske Saken | ||
amtsperioade | 1979 – 1980 | |
foargonger | Don Jamieson | |
opfolger | Mark MacGuigan | |
Lid fan it Kanadeeske Legerhûs | ||
amtsperioade | 1972 – 1988 |
- Dizze side giet oer de Kanadeeske politika. Foar de Skotske jakobyt, sjoch: Flora MacDonald.
Flora MacDonald (folút: Flora Isabel MacDonald; North Sydney (Nij-Skotlân), 3 juny 1926 – Ottawa, 26 july 2015) wie in Kanadeesk politika fan etnysk Skotsk komôf. Hja waard yn 1979 de earste froulike minister fan Bûtenlânske Saken fan Kanada, en wie earder ek ien 'e earste froulju dy't in goai diene nei it liederskip fan in grutte Kanadeeske politike partij. MacDonald wie in trou bûnsgenoate fan 'e Kanadeeske minister-presidint Joe Clark, en tsjinne letter op 'e nij as minister yn it kabinet fan minister-presidint Brian Mulroney. Nei't se ein jierren tachtich út 'e polityk gien wie, hold se har in protte dwaande mei humanitêr wurk.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]MacDonald waard yn 1926 berne yn it plak North Sydney, yn 'e Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân, as de dochter fan George Frederick MacDonald, in tillegrafist, en dy syn frou Mary Isabel Royle. Har pake oan heitekant wie kaptein fan in klipper en fear op Afrika en Súd-Amearika. As jongfaam folge MacDonald in oplieding ta siktaresse en fûn se wurk as bankbetsjinde by de Bank fan Nij-Skotlân. Mei 24 jier reizge se yn 1950 nei Jeropa, dêr't se al liftsjend troch ferskate lannen swalke. Yn Grut-Brittanje rekke se belutsen by in groepke Skotske nasjonalisten, dy't de Stien fan Scone út Westminster Abbey stielen en werombrochten nei Skotlân.
Iere politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har weromkear yn Kanada gie MacDonald yn 'e polityk, wêrby't se úteinsette as kampanjemeiwurkster foar Robert Stanfield, de lieder fan 'e Progressive Konservative Partij fan Nij-Skotlân, dy't yn 1956 ferrassend de provinsjale ferkiezings wûn. Letter datselde jiers waard MacDonald oannommen om op it nasjonale haadkantoar fan 'e Progressive Konservative Partij (PCP) te wurkjen, as siktaresse fan partijfoarsitter John Diefenbaker. As sadanich wurke se mei oan Diefenbakers syn kampanjes fan 1957 en 1958, en doe't har baas yn dat lêste jier ta premier fan Kanada keazen waard, kaam se op it kantoar fan 'e minister-presidint te wurkjen.
Ein fyftiger en begjin sechstiger jierren wurke MacDonald yn ferskate funksjes foar har partij, mar se rekke desyllúzjonearre troch it yn har eagen sloppe optreden fan Diefenbaker, dy't har ûntsloech doe't er ûntdiek dat sy it stribjen fan partijfoarsitter Dalton Camp stipe om him as premier te ferfangen. Neitiid wie MacDonald wurksum foar de fakulteit politikology fan 'e Queen's Universiteit yn Kingston (Ontario), wylst se trochgie mei har stipe oan it anty-Diefenbaker-kamp. Yn 1967 wie se belutsen by de súksesfolle kampanje fan Robert Stanfield om Diefenbaker te ferfangen as lieder fan 'e PCP, en neitiid wurke se mei oan 'e kampanje fan 'e partij by de lanlike Kanadeeske ferkiezings fan 1968.
Kandidatuer foar it partijliederskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fjouwer jier letter waard MacDonald by de Kanadeeske ferkiezings fan 1972 foar de PCP yn it Kanadeeske Legerhûs keazen, foar it kiesdistrikt Kingston en de Eilannen (ntl. yn 'e Grutte Marren). Yn dy funksje soe se sechstjin jier lang yn it parlemint fertsjintwurdige bliuwe, oant 1988. Op 'e partijkonvinsje fan 'e PCP fan 1976 waard MacDonald de trêde frou yn 'e skiednis fan Kanada om in serieuze kampanje foar it liederskip fan in grutte politike partij te begjinnen (har foargongsters wiene Mary Walker-Sawka fan 'e PCP, yn 1967, en Rosemary Brown fan 'e Nije Demokratyske Partij, yn 1975).
Hoewol't MacDonald as in sterke kandidate beskôge waard, krige se yn 'e earste omgong mar 214 stimmen wylst mear as 300 fertsjintwurdigers oankundige hiene op har stimme te sillen. Dat resultaat makke dat polityk analisten de oantsjutting "it Flora-syndroom" betochten foar it ferskynsel dat de ûnthjitten stipe foar in froulike politikus úteinlik net materialisearre waard. MacDonald besleat nei de twadde omgong en hâld de ear oan harsels. Hja rôp doe har oanhingers op om op Joe Clark te stimmen, dy't de stimming úteinlik ek wûn.
Ministerskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid ûntjoegen MacDonald en Clark, dy't beide ta de moderaten binnen harren partij hearden, har ta langjierrige bûnsgenoaten. Doe't Clark yn 1979 minister-presidint fan Kanada waard, beneamde er MacDonald ta de earste froulike Kanadeeske minister fan Bûtenlânske Saken, en ien fan 'e earste froulike ministers fan Bûtenlânske Saken yn 'e wrâld. Under har ministerskip krige MacDonald te meitsjen mei de krisis oangeande Fjetnameeske boatflechtelingen, dy't him ûntjoech nei ôfrin fan 'e Fjetnamoarloch. Tegearre mei minister fan Ymmigraasje Ron Atkey betocht se in plan wêrby't Kanada mear as 60.000 flechtlingen asyl bea.
In oar wichtich probleem wie de Iraanske Gizelderskrisis, wêrby't nei de Islamityske Revolúsje yn Iraan 52 Amerikaanske diplomaten en ambassademeiwurkers fan 1979 oant 1981 op 'e Amerikaanske ambassade yn Teheran yn gizeling holden waarden. Seis Amerikanen wiene út har eigen ambassade ûntkomd en ûnderdûkt yn 'e priveewente fan 'e Kanadeeske ambassadeur. MacDonald autorisearre it takennen fan Kanadeeske paspoarten oan dy seis persoanen, wêrmei't dy yn in topgeheime CIA-operaasje Iraan útsmokkele wurde koene doe't de Kanadeeske ambassade yn jannewaris 1980 ticht moast. (Dizze operaasje, mei as koadenamme Canadian Caper ("Kanadeeske Kaprioal"), waard yn 2012 ferfilme as de mei trije Oscars bekroane Hollywood-film Argo.)
Yn desimber 1979 waard lykwols de begrutting fan 'e regearing-Clark yn it Kanadeeske Legerhûs fuortstimd, en by de dêropfolgjende lanlike ferkiezings fan 18 febrewaris 1980 litte de PCP in slimmen nederlaach. MacDonald wist lykwols har parlemintssit te behâlden. Wylst har partij yn 'e opposysje siet, ûntstie der op 'e nij strideraasje om it partijliederskip. Op 'e partijkonvinsje fan 1983 stipe MacDonald har freon Joe Clark, mar dyselde ferlear by de dêr holden stimming fan syn rivaal Brian Mulroney.
Doe't de PCP nei de Kanadeeske ferkiezings fan 1984 wer oan it bewâld kaam, waard Mulroney sadwaande minister-presidint. MacDonald waard frege om ta it regear ta treden as minister fan Wurk en Ymmigraasje, in post dy't hja oant 1986 ferfolle. Oanslutend wie se oant 1988 minister fan Kommunikaasje. Mei't se in saneamde red tory ("reade konservatyf") wie, besocht se Mulroney ôf te bringen fan syn foarnimmen ta frijhannel mei de Feriene Steaten, al stipe se nei bûten ta de plannen dy't úteinlik yn 1988 ta de oprjochting fan 'e Noardamerikaanske Frijhannelsoerienkomst (NAFTA) liede soene. De lanlike ferkiezings fan dat jier waarden wûn troch de PCP, mar MacDonald ferlear har sit oan 'e liberale kandidaat Peter Milliken, in feit dat har bitter stimde.
Lettere jierren en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har ferkiezingsnederlaach loek MacDonald har werom út 'e polityk en wijde se har oan ynternasjonaal humanitêr wurk. Sa tsjinne se fan 1992 oant 1997 as foarsitter fan 'e ried fan bestjoer fan it International Development Research Centre. Dêrnjonken wie se ek foarsitter fan 'e World Federalist Movement-Canada, en yn 2003 bejoech se har nochris koart op it politike toaniel om te besykjen en hâld de fúzje tusken de PCP en Kanadeeske Alliânsje tsjin. It slagge har lykwols net om foar te kommen dat har partij opgie yn 'e nije Konservative Partij fan Kanada. Neffens berjochten yn 'e parse stimde se by de ferkiezings fan 2004 op 'e Nije Demokratyske Partij. MacDonald kaam mids 2015 yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 89 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |