Springe nei ynhâld

Hjerstseringen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Floks)
hjerstseringen
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
skift: heide-eftigen (Ericales)
famylje: hjerstseringen
   (Polemoniaceae)
skaai: hjerstseringen (Phlox)
Linnaeus, 1753

De hjerstseringen of floksen (Phlox, Nederlânsk: vlambloemen) foarmje in planteskaai mei sa'n santich soarten, dy't ta de hjerstseringefamylje hearre (Polemoniaceae). It Aldgrykske wurd betsjut 'flam', faaks fanwegen de flammereade kleur fan de wylde soarte. Floksen wurde in soad as fêste plant yn de siertún set. Der binne lykwols ek ienjierrige soarten. Yn Noard-Amearika komme 27 soarten foar, dêr't in ferskaat fan yn de 18e iuw al nei Europa brocht binne. Ut dy soarten binne op 't heden goed tûzen rassen wûn mei faak readige blommen, mar ek rôze, wite, oranje, fiolette en blauwe komme foar.

Phlox drummondii is in ienjierrige plant dy't fan mids maart oant maaie bloeit. Fêste soarten, lykas Phlox divaricata bloeit as earste yn april. Phlox subulata is in lege, soms grienbliuwende soarte, dy't fan april oant mids maaie bloeit. Phlox paniculata, in hege soarte, bloeit oant yn de hjerst en ferklearret de Fryske namme.

Phlox diffusa
Phlox douglasii
Frucht en sied fan de Hjerstsering (Phlox paniculata)
  • Phlox adsurgens
  • Phlox alyssifolia
  • Phlox andicola
  • Phlox austromontana
  • Phlox bifida
  • Phlox borealis
  • Phlox bryoides
  • Phlox buckleyi
  • Phlox caespitosa
  • Phlox carolina
  • Phlox cuspidata
  • Phlox diffusa
  • Phlox divaricata
  • Phlox douglasii
  • Phlox drummondii, ienjierrich
  • Phlox floridana
  • Phlox glaberrima
  • Phlox idahonis
  • Phlox kelseyi
  • Phlox maculata
  • Phlox missoulensis
  • Phlox multiflora
  • Phlox nana
  • Phlox nivalis
  • Phlox ovata
  • Phlox paniculata
  • Phlox pilosa
  • Phlox pulchra
  • Phlox sibirica
  • Phlox speciosa
  • Phlox stolonifera
  • Phlox subulata
  • (dú) Hermann Fuchs: Phlox - Stauden- und Polsterphlox. Ulmer, Stuttgart ISBN 3-8001-6539-2
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Phlox fan Wikimedia Commons.