Springe nei ynhâld

Flodder (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
Flodder
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Flodderduivel
sekse ûndúdlik
soarte personaazje kwelgeast
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Lange Wapper, de Kludde, Blauwe Gerrit, de Ossaert, de Stoep

De Flodder of de Flodderduivel is in kwelgeast út 'e folkloare fan it westlike part fan Noard-Brabân.

Dit wêzen hâldt him op yn sleatten, puollen en by diken lâns en gluorket út it oerflaktewetter wei op nachtlike kuierders. Dy springt er op 'e rêch, wêrnei't er harren in leadswiere lêst meitôgje lit. Sadree't it slachtoffer de bewenne wrâld wit te berikken, ferdwynt de kwelgeast ynienen wer. De namme tanket dit wêzen oan it lûd dat it meitsje soe as it hommels út it wetter opriist.

De Flodder is besibbe oan Lange Wapper en de Kludde út 'e folkloare fan Flaanderen, Blauwe Gerrit út 'e folkloare fan 'e Feluwe, de Ossaert út 'e folkloare fan Seelân en de Stoep út 'e folkloare fan 'e Betuwe. Ek mei it Bahkauv fan Aken fertoant it oerienkomsten.

Fan uterlik hâldt de Flodder de midden tusken in geast en in materieel wêzen, mei't it net stoflik is, mar wol sichtber. Om't it gjin lichem hat, is it ûnoantaastber, mar it kin blykber wol nei beleavjen it eigen gewicht oanpasse. Yn guon Brabânske folksferhalen ferskynt de Flodder oan minsken yn 'e foarm fan in grutte, swarte hûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: