Springe nei ynhâld

Flietermonumint

Ut Wikipedy
Flietermonumint
bouwurk
It Monumint op 'e Ofslútdyk (2009)
It Monumint op 'e Ofslútdyk (2009)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Hollâns Kroan
plakDen Oever
adresFersoargingsplak Monumint, Ofslútdyk
koördinaten52° 58′ 8" N, 5° 6′ 32" E
bysûnderheden
type bouwurkútsjochtoer
boujier1933
arsjitektWillem Dudok
boustylekspresjonisme
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer510384
oare ynformaasje
hichte20 m
kaart
Flietermonumint (Ofslútdyk)
Flietermonumint

It Flietermonumint, of ornaris yn 'e folksmûle It Monumint neamd, is in monumint mei útsjochtoer op it plak dêr't it lêste gat yn 'e Flieter de Ofslútdyk op 28 maaie 1932 tichtsmiten waard. It Monumint stiet oan 'e súdeastkant, of Iselmarkant fan de dyk likernôch 5 km noardwestlik fan it Noardhollânske doarp Den Oever op it eardere eilân Wieringen. It Monumint kaam ree yn 1933 nei in ûntwerp fan arsjitekt Willem Dudok yn ekspresjonistyske styl. De útsjochtoer is likernôch 20 meter heech.

It Monumint waard yn 1952-1956 útwreide. Yn 1977 waard in fuotgongersbrêge oer de autosnelwei A7 hinne boud. In sûvernierswinkel waard yn 1982 iepene.

It Monumint bestiet út trije parten: in basis dêr't in hoarekagelegenheid yn húsmanne is, in parredis mei balustrade en lufel en in útsjochtoer. It monumint is oplutsen yn wapenebeton mei in wite plastere sauslaach. Oar materiaal dat brûkt waard is glês, stiel, koper en ferskate soaerten natoerstien.

De basis waard tsjin 'e skeanoprinnende súdeastkant fan 'e dyk boud. De muorren binne beklaaid mei blokken rûch hakke natoerstien. Oan 'e east- en westkant fan de basis is in yngong dy't út in swier opklampe doar bestiet. Yn 'e súdgevel binne foar de hoarekagelegenheid fiif rjochthoekich lizzende finsters oanbrocht

It parredis mei lufel leit oan 'e súdeastkant. De treppen dy't nei it parredis fiere binne makke fan kwartsyt, de dekplaten fan 'e balustraden fan glânzge swart granyt. Op it parredis ûnder de lufel is oan'e foet fan 'e útsjochtoer in brûnzen reliëf dêr't trije stiensetters op ôfbylde stean. Boppe de manlju stiet de tekst EEN VOLK DAT LEEFT BOUWT AAN ZIJN TOEKOMST (in folk dat libbet bout oan syn takomst). Oan 'e noardwestkant fan 'e foet fan 'e útsjochtoer is in twadde tinkstien mei byldhouwurk. Dy tinkstien befettet twa graniten blokken mei opgeande weagen, dêr't in grut betonnen blok tusken stiet. Yn it blok binne trije lizzende graniten platen stutsen, dêr't de tekst HIER WERD DE DIJK GESLOTEN 28 MEI 1932 (hjir waard de dyk sletten 28 maaie 1932) op úthoud is.

De útsjochtoer waard sa makke om in draaitreppe fan wapene beton mei graniten treppen en stielen trepleunings. De noardwestkant fan de toer is rjocht en sletten. De súdwestkant is iepen en bestiet út inskelet fan wapene betonnen stilen, befêstige oan 'e draaitreppe. Tusken e stilen binne hege finsters. De útsjochpost is oan 'e noardwestkant fan de toer en hat in langhalich seiskantich grûnplan mei in hege balistrade. De lufel fan 'e útsjochpost is tagelyk de ûnderkant fan it tek. It tek is in tintetek, beklaaid mei koper.

Yn it ramt fan it Projekt Ofslútdyk wurdt it Monumint sûnt 2021 ek restaurearre. It monumint sil útwreide wurde, mei mear plak foar de hoarekagelegenheid en twa húskes dêrby.[1] It parkearplak waard útwreide ta 43 plakken.[2]

Sûnt 2007 stiet it Stânbyld fan Lely op Fersoargingsplak Monumint, dêr't er foarhinne op 'e kop fan 'e Ofslútdyk by Den Oever stie.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Monumint Ofslútdyk

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Projecten:Vlietermonument. www.deafsluitdijk.nl.
  2. It Vlietermonumint op de Ofslútdyk is oan de Waadkant wer iepen. Omrop Fryslân (25 july 2023). Oproppen op 22 oktober 202522 oktober 2025.