Springe nei ynhâld

Flieter

Ut Wikipedy
Flieter
Stânbyld fan Cornelis Lely by de Flieter
Stânbyld fan Cornelis Lely by de Flieter
geografy
lokaasjeby de Ofslútdyk yn 'e
Waadsee
lân Nederlân
provinsjes Fryslân
Noard-Hollân
koördinaten52° 59' NB, 5° 6' EL
kaart
Flieter (Fryslân)
Flieter

De Flieter is in gebiet yn 'e Waadsee, bylâns de Ofslútdyk op 'e hichte fan it Monumint.

De Flieter wie oarspronklik in djippe, fan súd nei noard rinnende farslinke dy't foar it skipferkear fan en nei de Sudersee brûkt waard. De slinke trochsnie in kwelder mei sânplaten, de Warkumerbûtenwaard. [1]

Yn 1799 wie dêr it Flieter-ynsidint dêr't in Nederlânsk eskader him samar oan de Britten oerjoech. De befelhawwe fan it eskadron, Samuel Story, waard dêr libbenslang út Nederlân troch ferballe.

De Flieter wie it lêste gat yn 'e Ofslútdyk. Dy waard op 29 maaie 1932 ôfsletten. Op dat plak stiet hjoed-de-dei it Flietermonumint. Der is in parkearplak en in fuotgongersbrêge oer de Rykswei 7. Yn 2007 waard it stânbyld fan Cornelis Lely dêrhinne ferhuze.

Troch de ryksoerheid waard yn 2009 op 'e hichte fan 'e Flieter 143 hektare Waad bestimd ta beskerme natoergebiet. Mokselbanken moatte har dêr ûnbehindere ûntjaan kinne. Yn it gebiet meie dêrom gjin moksels fongen wurde of oare boaiemsteurende aktiviteiten plakfine.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: