Flessegrien
| flessegrien | ||
| kleurkoördinaten | ||
| heksadesimaal | #006A4E | |
| RGBª (r, g, b) | (0, 106, 78) | |
| CMYKº (c, m, y, k) | (100, 0, 26, 58) | |
| ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) | ||
Flessegrien is is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in dûnkere tint fan grien. It liket sterk op dinnegrien. De namme komt fan 'e griene kleur fan flessen, yn 't bysûnder fan beskate merken bier en foarhinne ek fan it frisdrinken 7 Up.

It ierste gebrûk fan flessegrien as kleuroantsjutting (yn 'e Ingelske foarm bottle green) waard yn 1816 fêstlein.
Flessegrien is de kleur fan 'e unifoarmen fan 'e Plysjetsjinst fan Noard-Ierlân, dy't yn 2001 de fuseliersgriene kleur fan 'e unifoarmen fan 'e eardere Keninklike Ulsterske Konstabelderij ferfong.
Yn 'e Feriene Steaten is flessegrien (mei in wite râne) de kleur fan fierwei de measte paadwizerbuorden en strjitnammebuordsjes.
De flagge fan Bangladesj hat flessegrien as eftergrûnkleur foar in reade skiif.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References (fan 'e § Bottle green), op dizze side. |