Springe nei ynhâld

Lofthaven Eelde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fleanfjild Ealde)
Groningen Airport Eelde
Lofthaven Eelde
Lofthaven Eelde út 'e loft wei (2007)
Lofthaven Eelde út 'e loft wei (2007)
IATA: GRQ ICAO: EHGG
Algemien
Oprjochte23 maaie 1931
TypePublyk
LokaasjeEelde, Drinte
Hichte5 meter boppe NAP
Websidewww.groningenairport.nl
Startbanen
   Baan      Lingte  Materiaal
05/232.500 mAsfalt
01/191.500 mAsfalt

Lofthaven Eelde (offisjele beneaming: Groningen Airport Eelde) is in fleanfjild foar de boargerloftfeart yn 'e neite fan it Drintske doarp Eelde, sa'n njoggen kilometer besuden de stêd Grins.

Loftfeartmaatskippijen dy't fan en nei Eelde fleane binne Arke, Corendon Airlines, Flybe, Transavia en Wizz Air. 2014 waarden 199.651 passazjiers ferwurke.

Op de lofthaven binne ûnder oare de neifolgjende bedriuwen en fleanskoallen festige: General Enterprises/Cirrus Sales & Service, Skyline Aviation, UMCG Ambulancesoarch, ANWB Medical Air Assistance, KLM Flight Academy, European Flight Training Center BV en de Noord Nederlandse Aeroclub - Eelde (NNAC).