Springe nei ynhâld

Teodoasius de Aldere

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flavius Theodosius)

Teodoasius de Aldere (Latynsk: Flavius Theodosius) wie in senior militêre ofsier dy't tsjinne yn it Westlik-Romeinske leger. Hy helle de rang fan comes en betiids ek oantsjut as Comes (Graaf) Teodoasius. Hy wurdt beskôge as stifter fan de Teodosjaanske dynasty.

Hy troude Termantia en hie by har in soan, dy't ek Teodoasius neamd waard, yn Cauca (hjoeddeisk Coca, Segovia) yn Spanje om 346 hinne. Alletrije wienen Kristenen.

Yn 368 waard Teodoasius nei Brittanje stjoerd, om op te treden tsjin barbaarske ynfallers. Dat die hy mei in protte sukses en as beleanning krige hy de funksje fan magister equitum praesentalis, oan it hof fan keizer Falentinianus I.

Yn 373 wie Teodoasius oanfierder fan de militêre ekspedysje tsjin Firmus, in opstanneling yn Mauretaanje. Teodoasius oerwûn Firmus mar waard lykwols finzen set yn Kartago. Begjin 375 liet de keizer him terjochtstelle. De reden hjirta is net wis, nei alle gedachten waard hy troch him as gefaarlik beskôge.

Teodoasius syn famylje wie dernei in skoftsje net mear yn oansjen by de keizer en hâlde har rêstich yn Spanje. Mar op Teodoasius syn soan waard al gauris in berop dien doe it ryk yn 378 mei swierrichheden te krijen hie.