Springe nei ynhâld

Flamboyante gotyk

Ut Wikipedy
Flamboyant roasfinster.

De flamboyante gotyk is in styl yn 'e arsjitektuer dy't brûkt waard yn 'e lêste faze fan 'e gotyk yn 'e 15e iuw.

De styl ûnstie út de rayonnante gotyk yn it noarden fan Frankryk, fral yn Normandje en om Parys hinne. Iere eksperiminten mei flamboyante trasearing binne te sjen oan 'e abdijtsjerke fan Saint-Ouen yn Rouen (ein 14e iuw). Alhoewol't de woartels fan 'e styl yn 'e 14e iuw lizze, foarme de 15e iuw in hichtepunt wat de tapassing oanbelanget.

Karakteristyk foar de styl is de tapassing fan flameftige foarmen yn it maaswurk, dêr't de styl syn namme troch krige. De gewoane goatyske spitsbôgen wurde faak ferfongen troch kompleksere foarmen lykas de kylbôge (in bôge mei in S-foarmige kurve) of fiskblasen. De muorren feroaren hast yn stiennen kantwurk mei in ûnbidich grutte rykdom oan ornaminten.

Mei de opkomst fan 'e renêssânse ferdwûn de flamboyante gotyk, alhoewol't de flamboyante gotyk ek yn 'e tiid fan 'e neogotyk wer syn tapassing fûn.

Foarbylden fan flamboyante gotyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Frankryk binne de westlike gevel fan 'e katedraal fan Rouen en de Saint-Maclou foarbylden fan 'e styl. De Sint-Janskatedraal yn 'e Bosk en de Grutte Tsjerke fan Breda hawwe flamboyante ynfloeden.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Flamboyante gotyk fan Wikimedia Commons.