Springe nei ynhâld

Flagge fan Wynjewâld

Ut Wikipedy
Flagge fan Wynjewâld

De flagge fan Wynjewâld is de flagge fan it doarp Wynjewâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 2000 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

In giele broeking mei in lingte fan 1/3 flaggehichte, belein mei in oan 1/3 flaggelingte reitsjende ynbûgde broektrapezium mei in boppeside gelyk oan 1/5 flaggehichte; it trapezium belein mei in wite klaver; de flecht ferdield yn trije horizontale banen read-giel-read, 2:1:2.

De kleuren komme út it wapen fan Wynjewâld.

  • Giele baan: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
  • Twa reade banen: ferwize nei de twa eardere doarpen Weinterp en Duerswâld dy't yn 1974 gearfoege binne ta Wynjewâld. De kleur read ferwiist nei de heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Blau fjild: ferwiist nei De Boarn en de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
  • Klaverblêd: ferwiist nei de hjoeddeiske boerebedriuwen.