Springe nei ynhâld

Flagge fan Wommels

Ut Wikipedy
Flagge fan Wommels

De flagge fan Wommels is de flagge fan it doarp Wommels, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2000 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn grien in giele broekskeanbaan mei in dikte gelyk oan 1/2 flaggehichte, de giele baan belein mei in seispuntige stjer, in roas en in Sint-Jabiksskulp, alles fan read.

De kleuren komme út it wapen fan Wommels.

  • Yndieling: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Stjer: saneamde "haadstjer", Wommels wie it haadplak fan Littenseradiel.
  • Reade roas: oernommen út it wapen fan de famylje Van Jongema dy't yn it doarp ferskate stinzen bewenne.
  • Sint-Jabiksskulp: oernommen út it wapen fan de famylje Van Hottinga dy't yn it doarp ferskate stinzen bewenne. De skulp is ek in symboal foar Jakobus de Meardere, patroanhillige fan de Jacobitsjerke fan Wommels.
  • Giele baan: de kleur is ek oernommen út de wapens fan de famyljes Van Jongema en Van Hottinga.
  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.