Springe nei ynhâld

Flagge fan Wiuwert

Ut Wikipedy
Flagge fan Wiuwert

De flagge fan Wiuwert is de flagge fan it doarp Wiuwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije lingtebanen fan blau, giel en swart, de boppeste twa fiif kear kantiele trochsnijd, it earste kantiel begjint oan de broekside; en de ûnderste twa banen weagjend trochsnijd; de blauwe en de swarte baan oan de broekside belein mei in lizzend wyt rút.

De kleuren komme út it wapen fan Wiuwert.

  • Weagjende baan: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de eardere Middelsee.
  • Kantielen: ferwize nei de pleatslike Tetingastate.
  • Ruten: ruten en de kleur blau binne oernommen út it wapen fan de famylje Van Walta dy't de Tetingastate bewenne. In rút is yn in swarte baan pleatse as ferwizing nei de grêffkelder fan de Nikolaastsjerke fan Wiuwert wêr't yn 1765 sân mummies fûnen waarden.
  • Blauwe baan: oernommen út it wapen fan Littenseradiel, de gemeente dêr't it doarp part fan wie.