Springe nei ynhâld

Flagge fan Winsum (Fryslân)

Ut Wikipedy
Flagge fan Winsum

De flagge fan Winsum is de flagge fan it doarp Winsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 1990 registrearre.

It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Blau mei in giele broekskeanbaan mei in dikte gelyk oan 1/2 flaggehichte; de skeanbaan belein mei in reade polsstôk yn de rjochting fan de baan; yn de broekhoeke in giel fjouwerspakich kamrêd mei in hichte gelyk oan 5/12 flaggehichte; yn de flechttop trije wite keatsballen elk mei in hichte gelyk oan 1/9 flaggehichte, twa ballen neist elkoar en de tredde pleatse ûnder de bal oan de flechtside.

De kleuren komme út it wapen fan Winsum.