Springe nei ynhâld

Flagge fan Weidum

Ut Wikipedy
Flagge fan Weidum

De flagge fan Weidum is de flagge fan it doarp Weidum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge waard yn 2001 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Blau mei in fjouwer kear trepte reade broekingstrijehoek, wêrfan de fjirde trede de top foarmet en op 7/15 flaggelingte leit, de trijehoeke belein mei in giele seispuntige stjer fan 2/5 flaggehichte; en oanslutend op de reade trijehoek in giele fjouwer kear trepte broekingstrijehoek, nei de broekside ferlinge mei 4/15 flaggelingte, wêrfan de top leit op 11/15 flaggelingte.

De kleuren komme út it wapen fan Weidum.