Springe nei ynhâld

Flagge fan Wûns

Ut Wikipedy
Flagge fan Wûns

De flagge fan Wûns is de flagge fan it doarp Wûns, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.

It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.

By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer diagonale banen yn grien en wyt rjochskeand; oan de mêstside de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.

De kleuren komme út it wapen fan Wûns.

  • Wyt: ferwiist nei it hart út it wapen fan Wûns.
  • Grien: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Fersmelle flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.