Flagge fan Utingeradiel
Appearance

De flagge fan Utingeradiel is de flagge fan de eardere gemeente Utingeradiel. De flagge waard op 29 jannewaris 1958 registrearre.
It ûntwerp is fan J. Visser.
De flagge is net langer yn gebrûk omdat Utingeradiel sûnt 1 jannewaris 1984 part waard fan de gemeente Boarnsterhim en Skarsterlân. Sûnt 1 jannewaris 2014 waard it gebiet fan Utingeradiel part fan de gemeenten It Hearrenfean en De Fryske Marren.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan read en wyt mei in hichterferhâlding fan 2:1:5, mei yn de broekhoeke in giel trijeblêdige klaver.
De kleuren komme út it wapen fan Utingeradiel.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wite baan: ferwiist nei De Boarne, in rivierke dy't troch Utingeradiel streamt.
- Grutte reade baan: ferwiist nei de 5 grutste plakken dy't ûnder de boarne lein.