Flagge fan Twizelerheide

De flagge fan Twizelerheide is de flagge fan it doarp Twizelerheide, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Fanút de broektop sneid yn trije stikken, te begjinnen yn de broektop, fan grien, giel en read, sadanich dat de dielline tusken it read en it giel de ûnderkant fan de flagge ferdield yn twa stikken, dy sich ferhâlde as 4:1, en de dielline tusken it grien en it giel de flechtside ferdield yn twa stikken, dy sich ferhâlde as 10:3; yn it read in wite heideblom mei om it hert fjouwer lytse kroanblêden, geskikt folgens in skeankrús, en fjouwer grutte tsjelkblêden, geskikt folgens in rjocht krús; de hiele blom mei in hichte, gelyk oan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Twizelerheide.