Flagge fan Tearns
Appearance

De flagge fan Tearns is de flagge fan it doarp Tearns, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Folgens in rjochthoekige flecht-keper-snede yn twa likense dielen. de broekside read mei in achtspeakige Sint-Katarina-tsjil, útkommend út de dielline mei it middenpunt op de top fan de kepersneed; de flecht yn fiif weagjende banen wyt-blau ensafierder yn de hichteferhâlding fan 3:2:2:2:3.
De kleuren komme út it wapen fan Tearns.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rêd: atrribút fan Katarina fan Aleksandrje, eartiidsk de patroanhillige fan de tsjerke fan Tearns.
- Weagjende banen: ferwize nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa.