Springe nei ynhâld

Flagge fan Suwâld

Ut Wikipedy
Flagge fan Suwâld

De flagge fan Suwâld is de flagge fan it doarp Suwâld, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Trije like hege banen fan swart, giel, swart; yn de hystop in wite swimmende ein.

De kleuren komme út it wapen fan Suwâld.

  • Giele baan: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
  • Swarte banen: symboalen foar de feanterij yn it easten en it westen fan it doarp.
  • Ein: fewiist nei de einekoai dy't westlik fan it doarp lei.