Flagge fan Sigerswâld
Appearance

De flagge fan Sigerswâld is de flagge fan it doarp Sigerswâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1994 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Fanút de broekhoeke geare yn trije stikken, te begjinnen fanôf de broektop read-wyt-blau, sa dat de dielline tusken it read en it wyt de boppekant fan de flagge ferdielt yn twa stikken, dy't harren ferhâlde as 3:1 en de dielline tusken it wyt en it blau de flechtside fan de flagge ferdield yn twa stikken. dy't harren ferhâlde as 1:3; yn de broektop op it read trije turven mei in grutte fan 1/10 flaggehichte x 1/5 flaggehichte, pleatst ien, twa en ien.
De kleuren komme út it wapen fan Sigerswâld.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wite punten: symbolisearret it blêd fan de seine út it wapen fan Sigerswâld. De punt is oernommen oan de dwersbalke út it wapen dy't de feart en de wei troch it doarp ôfbyldet.
- Read fjild: ferwiist nei it hege diel fan it doarp dêr't de tsjerke eartiidsk stie.
- Blau fjild: ferwiist nei it lege diel fan de himrik fan Sigerswâld. Hjir fûn yn de midsiuwen al feanterij pleats. Ek lizze yn dit gebiet ferskate marren, lykas de Sigerwâldstermar en it Waasmar.
- Fjouwer turven: de pleatsing fan de turven yn in krús ferwiist nei It Foarwurk, in earder foarwurk fan it kleaster yn Smelle Ie.