Flagge fan Sibrandabuorren
Appearance

De flagge fan Sibrandabuorren is de flagge fan it doarp Sibrandabuorren, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1986 registrearre.
By it gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 binne in wapen en flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Twa lingtebanen fan wyt en read, ferhâlding 2:1; yn de wite baan in grien klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Sibrandabuorren.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.