Springe nei ynhâld

Flagge fan Sânbulten

Ut Wikipedy
Flagge fan Sânbulten

De flagge fan Sânbulten is de flagge fan it eardere doarp (no buorskip) Sânbulten, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

De beskriuwing fan de flagge is:

Grien mei in giele broekingstrijehoeke, mei de top op it midden fan de flagge.

De kleuren komme út it wapen fan Sânbulten.

  • Giele trijehoeke: ferbyldet de "sânbult" út de plaknamme.