Flagge fan Ryptsjerk
Appearance

De flagge fan Ryptsjerk is de flagge fan it doarp Ryptsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
In reade hijs en in blauwe flecht; de dielline toske, boppe yn de hijs in wite swimmende ein.
De kleuren komme út it wapen fan Ryptsjerk.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hijs: de tosken ferwize nei de skerpte fan de seine út it wapen fan Ryptsjerk.
- Ein: ferwiist nei de einekoaien dy't yn de omkriten fan it doarp oanwêzich wien.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel.
- Wapen fan Tytsjerksteradiel (1818-1985)