Flagge fan Rottum (Fryslân)
Appearance

De flagge fan Rottum is de flagge fan it doarp Rottum, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 1992 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan giel, swart en giel, yn de ferhâlding fan 3:2:3; oer alles hinne in reade skânsdwinger mei in dikte fan 1/6 flaggehichte, útgeande fan de broek en reitsjende oan 11/18 flaggehichte fan de flecht; de binnenkant fan de skânsdwinger, oan de broekside, wyt, mei yn it midden in griene sânpuntige stjer fan 1/3 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Rottum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden banen: ferwize nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
- Swarte baan: de kleur swart is oernommen út it wapen fan De Grutte Sint-Jânsgeaster Feanpolder.
- Skânsdwinger: yn 1583 waard súdlik fan it doarp in skâns oanlein. Dizze waard lykwols sûnder is soad moeite oernommen troch Francisco Verdugo doe de grêften beferzen wiene. De kleur read is oernommen út it wapen fan De Grutte Sint-Jânsgeaster Feanpolder. Ek liket de skânsdwinger op it klokhûs fan Rottum.
- Sânpuntige stjer: ferwizing nei de lizzing fan it doarp yn Sânwâlden.
- Grien en wite kleuren: oernommen út it wapen fan Sânwâlden.