Flagge fan Rinsumageast
Appearance

De flagge fan Rinsumageast is de flagge fan it doarp Rinsumageast, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1987 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge:
Fjouwerdield oer it krús fan de flagge yn giel en read, mei op it krús in iepene stins mei fjouwer finsters fan it iene yn it oare; de broek-, boppe- en ûnderkant mei in griene râne fan 1/10 fan de flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Rinsumageast.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: stiet foar de sângrûn út de plaknamme. "Geast" betsjut eins hege sângrûn.
- Stins: ferwize nei de fjouwer staten dy't it doarp eartiids ryk wie. Dat wiene: Eysingastate, Juwsmastate, Melkemastate en Tjaardastate.