Flagge fan Parregea
Appearance

De flagge fan Parregea is de flagge fan it doarp Parregea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1969 registrearre.
It ûntwerp is fan Klaas Sierksma.
By gemeentlik beslút fan 19 april 1955 is in flagge fêststeld foar de 27 doarpen fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Besteande út twa diagonale flakken yn it wyt en swart rjochtskeand, mei yn it wyt in read pompeblêd, oan de mêstkant de fersmelle flagge fan Wûnseradiel.
De kleuren komme út it wapen fan Parregea.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pompeblêd: ferwiist nei de lizzing fan it doarp yn de provinsje Fryslân.
- Fersmelde flagge: flagge fan Wûnseradiel, de gritenij en de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.