Flagge fan Oerterp
Appearance

De flagge fan Oerterp is de flagge fan it doarp Oerterp, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1982 registrearre.
It ûntwerp is fan P. Bultsma.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in griene flechtkeper, wêrfan de punt op in fjirde fan de lingte leit, belein mei in giel klaverblêd, en yn de hijs twa swarte mûne-izers, ien boppe en ien ûnder.
De kleuren komme út it wapen fan Oerterp.