Springe nei ynhâld

Flagge fan Noardburgum

Ut Wikipedy
Flagge fan Noardburgum

De flagge fan Noardburgum is de flagge fan it doarp Noardburgum, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.

By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.

De beskriuwing fan de flagge is:

Read mei in griene trijehoeke fan de hijs oant it krús, en dêryn in giele ikel.

De kleuren komme út it wapen fan Noardburgum.

  • Read fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Griene trijehoeke: ferwiist nei de hjoeddeiske kultuergrûn yn de omkriten fan it doarp.
  • Ikel: oernommen út it wapen fan de famylje Ypey, dy't de lieding naam yn it kultivearjen fan de heide.