Springe nei ynhâld

Flagge fan Nijskoat

Ut Wikipedy
Flagge fan Nijskoat

De flagge fan Nijskoat is de flagge fan it doarp Nijskoat, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. De flagge waard yn 2007 registrearre.

It ûntwerp is fan Rudolf J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn giel in griene broekingstrijehoek, fan de broekside langer makke mei 1/5 flaggelingte en de punt op 4/5 flaggelingte, de trijehoek belein mei in wite klaver mei in hichte gelyk oan 1/2 flaggehichte en pleatst op 1/5 fan de flaggelingte, oansltend op de griene trijehoek in reade seame, reitsjend oan de flechtside.

De kleuren komme út it wapen fan Nijskoat.

  • Griene punt: ferwiist nei it diel "skoat" fan de plaknamme. Dit betsjut "foarút springend stik lân".
  • Giel fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Klaverblêd: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp. It ferwiist nei de greiden en de feehâlderij.
  • Reade keper: ferwiist nei de lintfoarmige doarpsfoarm.