Springe nei ynhâld

Flagge fan Nij Altena

Ut Wikipedy
Flagge fan Nij Altena

De flagge fan Nij Altena is de flagge fan it doarp Nij Altena, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2010 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn grien in giele lingtebanen mei in hichte gelyk oan 1/4 flaggehichte; in reade broekingstrijehoeke mei de punt op it midden fan de flagge, belein mei twa giele salmen.

De kleuren komme út it wapen fan Nij Altena.

  • Griene banen: ferwiist nei de griene omkriten fan it doarp.
  • Giele baan: ferwiist nei de Aldebiltdyk dêr't it doarp oan leit. De gouden kleur ferwiist nei de âlde namme "gouden hoep" fan de dyk.
  • Broekingstrijehoeke mei salmen: oernommen yn Hollânske kleuren as ferwizing nei de Hollânske arbeiders dy't It Bilt ynpoldere hawwe. De fisken binne oernommen út it wapen fan it Lân fan Altena yn omkearde kleuren as ferwizing nei de plaknamme fan it doarp.