Flagge fan Nes (Noardeast-Fryslân)
Appearance

De flagge fan Nes is de flagge fan it doarp Nes, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield yn de foarm fan twa flechtskean ôfkearde tulpen fan it ien yn it oar, fanôf de broek read-wyt.
De kleuren komme út it wapen fan Nes.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tulp: ferwiist nei de oanwêzichhyd fan de tulp yn it bysûndere ûleboert mei seehynders dy yn it doarp foarkomt.